It kastiel Fürstenberg (Dútsk: Burg Fürstenberg) is in midsiuwske kastielruïne by Oberdiebach yn 'e lânkring Mainz-Bingen yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De ruïne is sûnt 2002 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Boppe-Middenryndelling.
Skiednis It kastiel waard troch aartsbiskop Engelbert stifte om it besit fan Kar-Keulen om Bacharach te beskermjen. Yn 1243 waard it kastiel oan 'e karfoarsten fan 'e Palts as lien oerdroegen, dy't it kastiel yn 1410 oerkochten. thumb|left|It kastiel yn 1623. Yn 'e Tritichjierrige Kriich waard it kastiel yn 1620 troch Spaanske en yn 1632 troch de Sweedske troepen oermastere. Lykas in soad oare kastielen yn it gebiet waard ek de Fürstenberg yn 1689 troch Frânsen yn 'e Njoggenjierrige Kriich ferneatige. Sûnt is it kastiel in ruïne.
thumb|left|De ruïne yn 1840. Oars as by oare kastielen yn 'e krite folge yn 'e 19e iuw gjin werbou, sadat it midsiuwske muorrewurk mei grutte flakken stúk- en farverestsen bewarre bleau. Yn 1844 besocht de widdo fan kening Freark Willem III fan Prusen, foarstinne Auguste fan Liegnitz, om 'e nocht it kastiel yn har besit te krijen. De Nederlânske prins Freark fan Oranje-Nassau slagge dêr al yn en hy joech it kastiel op 1 febrewaris 1846 oan syn frou Louise, dy't fan 'e ruïne in neogoatysk slot meitsje woe, lykas ek de kastielen fan Stolzenfels, Rheinstein, Sooneck en Sayn. Arsjitekt C. de Jong makke foar dat doel yn 1849 ûntwerpen, dy't noch jimmeroan bewarre wurde yn 'e argiven fan 'e famylje Wied yn Neuwied. It is net bekend werom't dy plannen nea útfierd binne. It ûntwerp hold fierder net in soad rekken mei de midsiuwske bou, mar as se útfierd wienen wie it wol ien fan 'e moaiste kastielen oan 'e Ryn woarn.
Nei de dea fan it pear erfde harren dochter Marie fan Wied de ruïne. De ruïne waard 1910 ferkocht oan 'e famylje Wasum út Bacharach. Yn 1993 waard it kompleks oankocht troch Gernot Stelter út Rheindiebach, dy't yn gearwurking mei monumintesoarch it muorrewurk renovearje liet.
Lokaasje De ruïne stiet op in hichte fan 152 m boppe seenivo oan 'e Middenryn net fier fan Bingen. Tusken de berch en it kastiel lei in grêf mei in brêge en in poartehûs. Njonken de grêft beskerme in 10 meter hege skyldmuorre de dêrefter lizzende berchfrede.
Kategory:Kastiel yn Rynlân-Palts Kategory:Bouwurk út 1219 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1689