Margaretha Flesch waard berne op 24 febrewaris 1826 yn Schönstatt by Vallendar yn 'e hjoeddeiske Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Libben Har heit wurke op 'e oaljemûne fan it kleaster yn Schönstatt. Har mem stoar doe't Rosa noch mar alve jier âld wie. Nei de dea fan har mem moast se as de âldste fan fiif bern in soad yn 'e húshâlding wurkje. It wie in tiid fan earmoede en Rosa hie al betiid it gefoel dat se har libben oan earme en sike minsken wije woe. Nei ferskate ferhuzingen hierde har heit mei Rosa's styfmem yn 1838 in eigen mûne yn 'e Fockenbachdelling by Niederbreitbach. Doe't har heit yn 1842 ek ferstoar, wie Rosa 16 jier âld. Se bleau mei har styfmem en jongere bruorkes en suskes efter yn swiere omstannichheden. Hja hie gjin formele oplieding, mar learde sels lêzen en skriuwen en begûn jong mei de soarch foar siken yn de omkriten.
Kleasterlibben Yn de jierren 1850 ferfear Rosa mei har suster nei Waldbreidbach, dêr't hja in lyts hûs hierde. Se sammele medisinale krûden en makke dêr tee fan, dy't se ferkocht oan 'e iennige apteek yn Waldbreitbach en autodidaktysk learde hja oer ferpleechkunde. Se soarge foar siken, earmen en wezen en har frommens en tawijing makke yndruk yn it doarp. Om 1860 hinne wenne se mei in pear oare foulju by de Krúskapel oan 'e râne fan Waldbreitbach tichteby Hausen.
Rosa Flesch stifte yn 1863 de kleastermienskip fan de Fransiskanessen fan 'e Hillige Jongfaam Marije fan 'e Ingelen fan Waldbreitbach, letter bekend as de Waldbreitbacher Franziskanessen. Se naam de kleasternamme suster Maria Rosa oan. thumb|left|Marienhaus. De mienskip ferhûze yn 1867 nei in nij kleaster by Waldbreidbach op 'e Kapellenberg, it Marienhaus, dat in sintrum foar soarch en ûnderwiis waard. Under har lieding bloeide de kleastermienskip en ûntstie in tige aktyf religieus en sosjaal netwurk.
Betsjutting Rosa lei de klam op leafde, ienfâld en praktyske help. Har wurk rjochte him benammen op sikefersoarging, ferpleging en ûnderwiis. Yn 'e omkriten stifte hja ferskate sike- en fersoargingshûzen
Se stoar op 25 maart 1906 yn Waldbreitbach.
Sillichferklearring thumb|left|Grêf Rosa Flesch. It proses fan har sillichferklearring sette yn 1957 útein en hja krige de titel "Tsjinner fan God". Yn 2007 waard hja troch kardinaal Joachim Meisner fanwegen har foarbyld fan kristlike leafde op 4 maaie 2008 offisjeel sillich ferklearre yn 'e domtsjerke fan Trier.
Sûnt dy tiid wurdt hja yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke as sillige Maria Rosa Flesch fereare. Har grêf yn 'e kleastertsjerke fan it Marienhaus yn Waldbreitbach is in pylgerplak foar minsken. Op 19 juny wurdt hja betocht, de datum fan har kleasterûnthjitten.
Kategory:Sillige Kategory:Dútsk non Kategory:Persoan berne yn 1826 Kategory:Persoan stoarn yn 1906