Harke Iedema (Eanjum, 23 april 1940 - Ljouwert, 15 april 2023) Deaberjocht by mensenlinq.nl Klavers » Harke Iedema (1940-2023) wie in Nederlânsk organist, tekener en histoarikus fan Frysk komôf.

Biografy Jonkheid en oplieding Iedema waard berne yn Eanjum as soan fan Jan Iedema en Sieuwke Kingma. Hy groeide op as âldste yn in grifformearde húshâlding fan sân bern. Hy ûntfong syn earste oargellessen by de pleatslike oargelist Maaike Steen. Dêrnei ferfolge er syn stúdzje by Arjen van Lunen yn Moarre en Arnold Feddema yn Damwâld. Yn 1959 helle er oan it N.O.V. yn Amsterdam it Diploma Kerkelijk Orgelspel. Yn 1965 sette er syn stúdzje troch oan de muzyk-pabo yn Ljouwert dêr't er les krige fan Piet Post. Hy sluet dy stúdzje yn 1970 ôf mei de ûnderwiisakte A. Inkelde jierren dêrnei krige er ûnderwiisakte B.

Wurkpaad Iedema waard yn 1955 beneamd ta oargelist fan de grifformearde tsjerke yn syn berteplak Eanjum. Yn 1970 folge syn beneaming ta oargelist fan de herfoarme Sint-Martinustsjerke yn Ferwert. Hjirnei wie er in pear jier dosint en adjunkt-direkteur oan streekmuzykskoalle fan Noardeast-Fryslân dêr't er letter beneamd waard ta direkteur. Foar de muzykútjouwerij J.C. Willemsen brocht er fiif bondeltsjes mei oargelmuzyk út mei dêryn tweintich bewurkingen út it Liedboek voor de Kerken. Foar de rige "Orgelklanken" hat er goed sân koraalbewurkingen skreaun.

Idema wie njonken syn muzikale wurk ek skiedkundige. Sa brocht er yn 1976 syn boek Van Anigheim tot Anjum út, in skiednis fan syn bertedoarp. Letter ferskynden der ek jubileumboeken oer de skiednis fan it kristlik ûnderwiis, de fanfarekorps Halleluja en de fuotbalferiening yn Eanjum. Yn de jierren 90 ferskynde fan him de jeugdroman Willem Taeckes uit Anjum. Yn syn frije tiid wied er benammen dwaande mei tekenjen en skilderjen. Sa makke er in grut tal pintekeningen mei histoaryske gebouwen yn en om Eanjum hinne en makke kalligrafyske teksten.

Yn 2001 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Bibliografy 1976 - Van Anigheim tot Anjum 1978 - Anjum in oude ansichtkaarten 1991 - 125 jaar Christelijk onderwijs in Anjum 1995 - Willem Taeckes uit Anjum 1997 - Halleluja 1907-1997 1997 - Van knollenveld tot ”Kolkenfjild” 2006 - Niemand ontvlucht het slagveld van de dood

Muzykstikken Dit is in kar-út koraalbewurkingen út de searje "Orgelklanken"

Morgenglans der eeuwigheid O grote God die liefde zijt Ik heb U lief, o mijn beminde Herders, ik boodschap, blij van stem God is tegenwoordig Aan de deur van ’s harten woning Neem, Heer, mijn beide handen Mijn Verlosser hangt aan ’t kruis Als Hij maar van mij is O Jezus, hoe vertrouwd en goed Glorie zij aan Jezus ’t Is middernacht en in de hof Neem mijn leven, laat het Heer

Keppeling om utens In memoriam. Ljouwerter Krante, 25 maaie 2023. Mei foto.

Kategory:Frysk oargelist Kategory:Frysk muzykpedagooch Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk komponist Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Eanjum Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2023