De Kerguelenstirns (Sterna virgata) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de ûnderfamylje stirnzen (Sternini).
Skaaimerken De Kerguelenstirns is in lytse likernôch 31 sm lang wytstirns mei in relatyf donker fearrekleed. Folwoeksen fûgels yn briedkleed binne oer it algemien donkergriis mei in swarte mûtse en in smelle wite streek oer it wang, dy't de swarte mûtse fan 'e grize nekke skiedt. Bûten it briedseizoen is de foarholle wytich en de ûnderkant bleker. Jonge fûgels binne brúnbûnt op 'e mantel mei in brune mûtse. Hy ferskilt fan 'e Súdpoalstirns (Sterna vittata), dy't yn itselde gebiet foarkomt mar in ljochter fearrekleed hat en langere wjukken en in langere sturt. Ek is de snaffel fan 'e Kerguelenstirns tinner en spitser.
Fersprieding De fûgel komt foar yn 'e súdlike Yndyske Oseaan op Marion-eilân, de Crozeteilannen en de Kerguelen. Hy briede earder ek op Prins Edward-eilân, mar dêr is de soarte sûnt 2011 útstoarn. De fûgel wurdt yn 'e regel yn twa ûndersoarten ferdield:
Sterna virgata virgata, nominaatfoarm, komt foar op 'e Kerguelen. Sterna virgatamercuri, komt foar op 'e Crozeteilannen en Marion-eilân.
Hâlden en dragen Kerguelenstirnzen binne stânfûgels en bliuwe ek nei it brieden yn 'e omkriten fan it briedgebiet. Se briede op tin begroeide rotsen of yn dellingen tusken healwei oktober en jannewaris. De fûgel leit ien oant twa aaien, dy't yn 24 dagen útbret wurde.
De fûgels libje op fisk en skaaldieren dy't se yn ûndjip wetter by de kust of boppe de brâning fine. Ek siket er wol wringeleaze bisten op lân.
Status De populaasje fan 'e fûgel wurdt as stabyl beskôge, mar is mei mar 2.300 - 4.300 folwoeksen fûgels tige lyts. Dy rûzing is lykwols út 1993 en ferâldere. De measte fûgels briede op 'e Kerguelen. De grutste bedriging foar de soarte is ekstreem waar en de ynvasive soarten, lykas de yn 'e jierren 1950 yntordusearre wylde katten om kjifdieren te bestriidzjen. Dat hat derta laat dat de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as gefoelich (Near Threatened, 2018) kategorisearret.
Mei it troch de Europeeske Uny finansjearre projekt Optimization of Feral Cat Management Actions in Kerguelen wurde de katten weifongen. De ferwachting is dat op lange termyn mear as 15 lânseigen briedfûgels bettere takomstferwachtingen krije.ACAP, 11 novimber 2025.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytstirns Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Prins Edwardeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen