Carlo Acutis waard berne op 3 maaie 1991 yn Londen as soan fan 'e Italjaanske âlders Andrea Acutis en Antonia Salzano. Fuort dêrnei ferhûze de hûshâlding werom nei Milaan. Carlo hie al ier in sterke religieuze oanlis en gie alle dagen nei de misse, hy bea de roazekrâns en hie in djippe leafde foar de eucharisty. Hy ferstoar jong en waard de earste hillige fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke út de generaasje fan 'e millenials.Algemien Deiblêd: Eerste millennial is heilig verklaard: ‘cyberapostel’ Carlo Acutis verrichtte ‘wonderen’, 7 septimber 2025
Libben Nei Londen sette de famylje har nei wenjen yn Milaan, yn Porta Vercellina yn it westen fan 'e stêd. Se wennen dêr yn in appartemint en Carlo gie dêr nei de jezuïteskoalle Istituto Leone XIII, in katolike eliteskoalle yn Milaan. Carlo wie iennichst bern. Earst nei syn dea rekke syn mem wer swier en hja krige in twilling, Francesca en Michele Acutis. Syn mem sei dat hja dy bern as in kado fan Carlo út de himel beskôget, om't hja jierrenlang gjin bern mear krije koe en nei't hja foar Carlo's grêf bidden hie, waard se ûnferwachts wer swier.
Njonken syn frommens wie Carlo fierder in gewoane jonge mei belangstelling foar moderne saken. Hy hold fan kompjûters, programearjen en fideospultsjes, mar oars as in soad oare jongelju lei er himsels dêrby wol beheiningen op troch bygelyks mar in oere yn 'e wike te gamen. Hy learde himsels websites te ûntwerpen en brûkte syn betûftens dêryn om in grutte hiemside oer eucharistyske wûnders oer de hiele wrâld te bouwen. In bekende útspraak fan him wie "De eucharisty is foar my de snelwei nei de himel."
Carlo hie in freonlik en humoristysk aard en mocht graach wat foar in oar dwaan. Hy ferdigende bern dy't narre waarden en prate mei dakleaze minsken yn 'e buert.
Koart foar syn opname yn it sikehûs krige Carlo klachten, mar dy waarden ynearsten net as libbensgefaarlik sjoen. Hy waard koartamich, krige koarts en pine yn 'e bonken en wie hiel wurch. Ynearsten waard oan gryp tocht, mar doe't syn noas bliede en hy blauwe plakken krige, waarden syn âlders ûngerêst en waard in bloedûndersyk útfierd. It die blieken dat er in foarm fan akute promyelocytenleukemy (M3) hie, dy't him tige rap ûntwikkele. Der folge fuort in opname yn it San Gerardo-sikehûs yn Monza, mar de sykte gie te hurd en al in pear dagen nei de opname ferstoar Carlo op 12 oktober 2006 oan 'e komplikaasjes yn it sikehûs yn 'e âldens fan fyftjin jier. Carlo bleau ek yn 'e tiid fan syn sykte tige sterk yn syn leauwen.Opus Dei: Biography of Carlo Acutis
Hillichferklearring Op 12 oktober 2012 waard it proses ta hillichferklearring troch biskop Domenico Sorrentino van Assisi iepene yn Assisi. Op dy datum krige Carlo offisjeel de titel Tsjinner fan God (Servo di Dio). Yn dy faze waarden tsjûgen ûnderfrege, dokuminten sammele en folge in ûndersyk nei it libben en de deugden fan Carlo. Paus Fransiskus ferklearre yn 2018 Carlo as earbiedwurdich. Foar de hillichferklearring wiene dêrnei noch twa wûnders fan Carlo Acutis nedich.
Carlo Acutis waard neffens eigen winsk begroeven yn Assisi, dêr't syn famlyje in fakânsjehûs hie.KRO-NCRV, Aanstaande zalige ligt in tombe met Adidas-sweater en Nike-schoenen.
Earste wûnder In Braziljaanske jonge mei de namme Matheus hie in earnstige oanberne oandwaning oan 'e pankreäs, sadat er neat ynhâlde koe. Nei it oanreitsjen fan in relikwy fan Carlo Acutis yn in misse waard er op in net te ferklearjen wize wer better.Catholic New Agency, The miracle attributed to Carlo Acutis' prayers, 12 oktober 2021. Nei wiidweidich medysk ûndersyk befêstigen artsen dat de genêzich folslein en net te begripen wie. Paus Fransiskus erkende it wûnder yn 2020 en dat late ta de sillichferklearring fan Carlo Acutis op 10 oktober 2020.
Twadde wûnder It wûnder fan 'e genêzing fan 'e 21 jier âlde Valeria Valverde út Kosta Rika soarge foar in gaueftige hillichferklearring. Hja krige in slim fytsûngemak yn Florâns yn Itaalje mei as gefolch swier harsenletsel sûnder kâns op better te wurden. Seis dagen nei it ûngelok gyng har mem nei Assisi om by it grêf fan 'e sillige Carlo Acutis te bidden. Dy dei begûn Valeria spontaan en selsstannich wer te sykheljen. De oare deis koe se wer prate en nei tsien dagen waard Valeria fan 'e intensive care ûntslein en út fierder ûndersyk die bliken dat hat harsens wer hielendal yn oarder wienen. Al op 3 septimber 2022, twa moannen nei it ûngemak, fierde hja mei har mem har folsleine genêzing by it grêf fan 'e sillige Carlo Acutis yn Assisi.Il Messaggero: The Astonishing Recovery of Valeria, 7 septimber 2025 Op 23 maaie 2024 erkende paus Fransiscus it wûnder. Op 7 septimber 2025 waard Carlo Acutis tegearre mei Pier Giorgio Frassati yn Rome troch paus Leo XIV hillich ferklearre. Carlo Acutis is dêrmei de earste hillige út de generaasje fan 'e millennials.
Ferearing thumb|left|Carlo Acutis. thumb|right|Relykhâlder mei de hierren fan Carlo Acutis, tydlik te sjen yn 'e kapel fan hillige Katarina fan Aleksanderje yn 'e tsjerke fan San Francesco yn Lodi, Itaalje.
Fjirtjin jier nei de begraffenis fan Carlo Acutis waard syn lichem wer opgroeven. Berjochten dat it noch yntakt wie, binne troch it bisdom Assisi wjersprutsen. Wol waard it hiele lichem werom fûn. Syn lichem is preparearre en rekonstruearre mei in silikoanemasker. Om 't er him graach klaaide yn gewoane klean, waard der foar keazen om him yn syn favorite klean yn 'e tombe te lizzen. Syn lichem waard yn 2019 nei de Santa Maria Maggiore yn Assisi brocht, dêr't er yn in glêzen kiste leit.
Carlo is de patroanhillige fan it ynternet, de jongerein en kompjûterbrûkers. De troch him gearstalde útstalling oer eucharistyske wûnders reizget noch jimmeroan troch de wrâld en is ek online te sjen.
Feestdei De feestdei fan Carlo is troch de Roomsk-Katolike Tsjerke op 12 oktober fêststeld, de dei fan syn ferstjerren.
Keppeling om utens Eucharistyske wûnders Stifting Acutis
Kategory:Italjaansk hillige Kategory:Persoan berne yn 1991 Kategory:Persoan stoarn yn 2006