De Antarktyske stirns of Súdpoalstirns (Sterna vittata) is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).
Beskriuwing De Antarktyske stirns is in middelgrutte wytstirns fan 41 sm lang mei yn it briedkleed in reade snaffel, reade poaten en in swarte mûtse. De boppedielen binne griis mei donkere punten en rânen oan 'e bûtenste fearren. De ûnderkant is ek griis, meastentiids mei in witige bân ûnder de swarte mûtse. De sturt is wyt.
Winterdeis is de fûgel witer, binne de poaten swart en is de snaffel minder read oant swart. De swarte mûtse is minder skerp ôftekene en de foarholle is wyt.
Fersprieding De soarte briedt op in oantal eilannen yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan, de súdlike Yndyske Oseaan en súdlik fan Nij-Seelân, mar hiel beheind op Antarktika sels. Nei de briedtiid migrearret er nei noardliker kriten oant súdlik Súd-Amearika en Súd-Afrika. De soarte wurdt ferdield yn twa groepen mei seis ûndersoarten, dy't op 'e folgjende plakken briede:
de vittata-groep Sterna vittata tristanensis– de eilannen Tristan da Cunha en Gough. Sterna vittata sanctipauli – de eilannen Amsterdam en Saint-Paul. Sterna vittata gaini – Súdlike Shetlandeilannen en it Antarktysk Skiereilân súdlik fan Marguerite Bay. Sterna vittata vittata – Prins Edwardeilannen, Crozeteilannen, Kerguelen en de Heard en McDonaldeilannen yn 'e súdlike Yndyske Oseaan. Sterna vittata bethunei – Stewarteilân, Snare-eilannen, Aucklandeilannen, Campbelleilannen, Macquarie, Bounty-eilannen en de Antypoaden. Sterna vittata georgiae – Súd-Georgje, Súd-Orkney-eilannen , Súd-Sandwicheilannen en Bouveteilân.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei ûnbekende ûntwikkelling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytstirns Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Antarktika Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bouvet Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Heard en de McDonaldeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Tristan da Cunha Kategory:Lânseigen fauna yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen Kategory:Lânseigen fauna yn Macquarie Kategory:Lânseigen fauna yn Gough Kategory:Lânseigen fauna yn de Nijseelânske Subantarktyske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Prins Edwardeilannen