Swartbûnte stirnzen (Onychoprio) foarmje in fûgelskaai (Chlidonias) yn 'e famylje seefûgels (Laridae).
De soarten yn it skaai ha allegear swarte boppedielen en in ljochte ûnderkant. Alhoewol't it skaai al yn 1832 beskreaun waard troch Johann Georg Wagler, waard it oant koart ferlyn opnommen yn it tige grutte skaai Sterna (Bridge et al., 2005).
Trije fan 'e fjouwer soarten libje yn 'e tropen, útsein de Aleoetenstirns dy 't yn it hege noarden fan 'e in Grutte Oseaan libbet. Se bringe it grutste part fan harren libben boppe see troch en komme allinnich oan lân om te brieden. It binne op 'e grûn lûdroftige fûgels en se briede mei hûnderten oant tsientûzenen pearkes yn koloanjes. De nêsten binne faak net mear as ienfâldige kûltsjes yn it sân of op in flakke rots.
Se jeie troch flugge dûkbewegings op lytse fiskjes en folle it dieet oan mei ynsekten op it wetteroerflak of lytse kreeften.
Soarten It skaai wurdt yn 4 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend120px Onychoprion aleuticus Aleoetenstirns East-Sibearje en West-Alaska, oerwinteret yn Súdeast-Aazje kwetsber 25pxOnychoprion aleuticus op BirdLife120px Onychoprion fuscatus bûnte stirns Pantropyske seeën tusken likernôch 25° noarder- en suderbreedte net bedrigeûnbekendOnychoprion fuscatus op BirdLife120px Onychoprion anaethetus leiestirns Reade See, Perzyske Golf, Stille Oseaan, westlike Yndyske Oseaan, Karibysk gebiet en West-Afrika net bedrigeûnbekendOnychoprion anaethetus op BirdLife120px Onychoprion lunatus brilstirns tropyske Stille Oseaan net bedrige25pxOnychoprion lunatus op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel