De Nijseelânske stirns (Chlidonias albostriatus) is ien fan 'e fjouwer soarten yn it skaai blaustirnzen (Chlidonias) út de famylje seefûgels (Laridae). It is in bedrige, endemyske fûgel fan Nij-Seelân.

Taksonomy Eartiids waard de soarte ta it skaai fan 'e wytstirnzen rekkene, mar út DNA-ûndersyk yn 2005 die bliken dat de soarte mear besibbe is oan 'e blaustirnzen. De soarte wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten bestiet.

Ferskining De 29 sm lange fûgel is in lytse, ljochtgrize blaustirns mei in koarte, foarke sturt en in wyt boarst, in wite búk en in wite stút. De poaten en de snaffel binne helderoranje. Yn 'e briedtiid is de mûtse swart oant de snaffel, bûten de briedtiid bliuwe der allinnich tsjustere plakjes fan 'e mûtse op 'e kroan oer.

Fersprieding De soarte is endemysk yn Nij-Seelân en libbet yn en om swietwetter op 'e eastlike helte fan it Sudereilân en de súdlike râne fan it Noardereilân. Fierder is der in isolearre populaasje oan 'e Bulle River en de bopperin fan 'e Mutueka River súd fan Nelson. Der wurdt allinnich op it Sudereilân bret. Bûten it breidseizoen foerazjearje se oant 10 km op see.

Ekology thumb|left|Aaien. Oare soarten yn it skaai hawwe harren nêst op driuwende wetterplanten, mar Nijseelânske stirnzen briede yn in ienfâldich kûltsje oan rivieren op it Sudereilân. In lechsel bestiet meast út twa aaien. De jongen fleane nei likernôch 30 dagen út.

It iten bestiet út fiskjes en wringeleazen, wêrûnder út en troch ek wjirms. Op 'e see wurde fral skaaldieren fretten.

Status Yn 2020 rûsde it Nij-Seelânske Ministearje fan Natuerbeskerming dat de populaasje tusken 1.000 oant 5.000 folwoeksen fûgels telt. Bedrigingen foarmje ynvasive rôfdieren lykas de wezeling, mar ek lânseigen soarten en it ferlies oan habitat troch de oanlis fan dammen en rekreaasjefoarsjenningen. De soarte stiet dêrom as bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blaustirns Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan