De tsjerke fan de Parigoritissa of Paregoretissa (Gryksk: Παναγία ἠ Παρηγορήτισσα; Tsjerke fan 'e Treaster) is in 13e-iuwske Byzantynske biskopstsjerke yn 'e stêd Arta, Grikelân. In diel fan it gebou wurdt brûkt om in archeologyske samling fan Arta te bewarjen.

Beskriuwing De tsjerke waard om 1250 hinne stifte troch de despoat fan Epirus Michael II Komnenos Doukas, of faaks immen fan syn hôf. Letter rekke de tsjerke skansearre en in restauraasje folge yn 1290 troch de soan en opfolger fan Michael II, Nikephoros I Komnenos Doukas (regear 1268–1297) en syn twadde frou Anna Kantakouzene. De tsjerke rekke lang om let oan reapsein en waard in metochion fan it kleaster fan Kato Panagia. Yn 1578 wie it in nonnekleaster.

thumb|left|Koepel fan 'e tsjerke. It gebou is in grut, hast fjouwerkant bouwurk fan trije ferdjippingen. De tsjerke hat in sintrale koepel dy't troch acht pylders wurdt droegen. Fierder binne der noch fjouwer koepels op it flakke dak yn eltse hoeke en in lantearne.

De fersiering fan 'e tsjerke is ryk mei in moarmeren beklaaiïng oant it nivo fan 'e galerijen en noch in soad mozaïken en fresko's dêrboppe. Yn 'e koepel is in mozayk fan 'e Pantokrator, omfieme troch ingels en tusken de ramen fan 'e tamboer 12 profeten. De mozaïken binne nei alle gedachten fan keunstners fan bûten Epirus. Yn it alter binne 16e iuwske fresko's fan 'e skilder Ananias bewarre bleaun, wylst 17e iuwske fresko's it grutste part fan 'e tsjerke fersiere. Yn it byldhouwurk is ek West-Europeeske ynfloed, lykas romaanske monsters en reliëfs mei Bibelske foarstellingen.

Kategory:Tsjerkegebou yn Grikelân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw KAtegory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou