thumb|Boy and Girl at Cahera ûnder de Grutte Hongersneed fan 1845-1849 feroarsake troch de Ierdappelsykte. Skibbereen gravuere fan James Mahony, 1847 thumb|left|The Village of Mienies, 1858 James Mahony of Mahoney (1810 – Londen, 1879) wie in foaroansteande Ierske keunstner en graveur út 'e njoggentjinde iuw.

Biografy Mahony syn heit wie timmerman yn Cork, Ierlân, en der is net folle bekend oer syn jonge libben. It liket derop dat er skilderjen en tekenjen yn Rome studearre Hy reizge troch Itaalje en Frankryk oant er 32 jier wie. Doe gie er werom nei Cork. Hy waard al gau bekend om syn wetterferveskilderijen, mei stedsgesichten út Rome, Feneesje, Parys en Rouen.

Syn wurk omfette "tige romantyske" gravueres fan sênes út it Ierske libben, lykas fan 'e Grutte Ierske Hongersneed en fan Sint-Patriksdei, de nasjonale dei fan Ierlân. Syn sketsen fan de hongersneed, tekene yn Skibbereen en Clonakilty yn West Cork, yn opdracht fan en publisearre yn 'e Illustrated London News, wekken de publike opiny op om it Britske regear te oertsjûgjen om aksje te ûndernimmen om de hongersneed te ferminderjen.

Yn 1853 skildere hy in wichtich wurk, It Besyk fan Keninginne Fiktoaria en Prins Albert oan de Keunsthal fan 'e Ierske Yndustriële Tentoanstelling, op 'e Ierske Yndustriële Tentoanstelling yn Dublin. Yn 1856 waard er beneamd ta meiwurker fan 'e Royal Hibernian Academy (ARHA), dêr't er eksposearre oant er nei Londen ferhuze. Hy eksposearre dêr wetterferveskilderijen oan 'e Royal Academy tusken 1866 en 1877, en wurke as freelance yllustrator foar de Illustrated London News. Hy makke ek yllustraasjes foar oare tydskriften, kranten en boeken, wêrûnder in edysje fan 'e wurken fan Charles Dickens.

Hy stoar yn Londen.

Kategory:Iersk graveur Kategory:Iersk yllustrator Kategory:Ingelsk graveur Kategory:Ingelsk yllustrator Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1810 Kategory:Persoan stoarn yn 1879