It skaai see-earnen (Haliaeetus) omfiemet fjouwer tige grutte fûgelsoarten. De grutste soarte is de reuzesee-earn mei in lingte fan 85-105 sm, in spanwiidte fan maksimaal 2,90 m en in gewicht fan 4,9 oant 9,0 kg.
Mienskiplike skaaimerken fan it skaai binne meast de tige brede wjukken, in relatyf koarte, faak kilige sturt, de meastentiids tige grutte en krêftige snaffel en de foar in grut part ûnbefearre tarsometatarsus. By hast alle soarten is de sturt foar in grut part of hielendal wyt. By alle soarten binne jonge fûgels dúdlik oars fan kleur as folwoeksenen; it folwoeksen fearrekleed krije se ears nei ferskate jierren.
De yn Afrika, Súd-Aazje en op Nij-Guineä, Austraalje, de Salomonseilannen en Madagaskar foarkommende earnen binne lytser en hearden oarspronklik ek ta it skaai Haliaeetus, mar wurde sûnt 2018 troch guon autoriteiten yn it aparte skaai Icthyophaga ûnderbrocht, dat al yn 1843 troch de Frânske natoerûndersiker René Primevère Lesson ynsteld wie. De reden dêrfoar is dat der in dúdklik ûnderskied is tusken de beide klades, dy't nei alle gedachten al sa'n 15 miljoen jier lyn yn it Mioseen útinoar groeid binne.
Soarten It skaai wurdt yn 4 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend120px Haliaeetus albicilla goesearn of see-earn Europa, Aazje, Grienlân net bedrige 25pxHaliaeetus albicilla op BirdLife120px Haliaeetus leucocephalus Amerikaanske see-earn Noard-Amearika net bedrige25pxHaliaeetus leucocephalus op BirdLife120px Haliaeetus leucoryphus wytbânsee-earn Aazje fan 'e Kaspyske See oant Sina. bedrige25pxHaliaeetus leucoryphus op BirdLife120px Haliaeetus pelagicus reuzesee-earn Sibearje, Koreä, Japan, Sina, Taiwan. kwetsber25pxHaliaeetus pelagicus op BirdLife
Kategory:Haukfûgel Kategory:Fûgelskaai