De wytbânsee-earn (Haliaeetus leucoryphus) is in tige seldsume rôffûgel dy't heart ta it skaai see-earnen (Haliaeetus).
Ferskining thumb|left|Wytbânsee-earn yn 'e flecht. De wytbânsee-earn wurdt 72–84 sm lang en hat in spanwiidte fan 185–215 sm. De wat lytsere mantsjes binne wat lichter as de wyfkes. In folwoeksen wytbânsee-earn hat brune boppedielen en in sânkleurige kop en hals. De sturt hat in brede swarte einbân en in brede wite bân yn 'e midden.
Jonge fûgels binne hielendal brún.
Fersprieding Oarspronklik briedt de fûgel yn it eastlike Palearktysk gebiet oant om 'e Kaspyske See hinne yn Kazachstan, Ruslân, Tadzjikistan, Turkmenistan, Oezbekistan, Mongoalje, Sina, Yndia, Nepal, Bangladesj, Birma en Bûtan. Mar yn 'e rin fan 'e 20e iuw is de soarte yn grutte dielen fan dat gebiet ferdwûn as briedfûgel en komt er dêr net mear of allinnich as swalker foar.
De fûgel libbet yn wiete gebieten, fral by grutte marren en rivieren, en yn leechlannen oant 5.000 m.
Hâlden en dragen De nêsten wurde yn hege beammen by wetter boud. Se briede fan septimber oant febrewaris yn noardlik Yndia en Birma en yn Bangladesj komt er ein augustus werom yn it briedgebiet.
Troch trije fûgels dy't mei in satellyt folge binne is men te witten kommen dat de fûgel op lange ôfstannen fan mear as 4.000 km fan Yndia nei Mongoalje en Ruslân migrearje kin. Ek wiene dy fûgels yn steat om op hichten fan mear as 6.000 m oer de Himalaya te fleanen (Steele 2017).
De wichtichste fiedselboarne fan 'e wytbânsee-earn bestiet út fisk, dy't er fangt sûnder djip te dûken. Hy yt ek wetterfûgels, kjifdieren, kikkerts, reptilen en ies. Ut en troch stelt er de proaien fan oare rôffûgels.
Status Njonken streekrjochte ferfolging drage minsken by oan 'e delgong fan 'e soarte troch habitatdegradaasje, fersmoarging en it oerbefiskjen fan marren. It grutte ferspriedingsgebiet is misliedend om 't de soarte tige seldsum is en yn grutte dielen fan it ferspriedingsgebiet as briedfûgel ferdwûn is. Nei alle gedachten konsintrearret de briedpopulaaje him hjoed-de-dei yn 'e súdlike gebieten fan it ferspriedingsgebiet lykas Noard-Yndia, Bangladesj en Birma en ha de noardlike gebieten lykas Ruslân en Mongoalje gjin briedpopulaasjes mear. Yn Yndia feroarsaket de fersprieding fan 'e wetterhyasint delgong om't de fûgel lestich in proai fine kin. Yn Bangladesj nimt de soarte ôf troch it ferdwinen fan swietwettersompen.
De wrâldpopulaasje is lyts en waard yn 2016 rûsd op 1000 oant heechút 2500 folwoeksen fûgels. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as bedrige (Threatened, 2021) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:See-earn Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan