Chaidari (Gryksk: Χαϊδάρι), tradisjoneel ek Haidarion of Chaidarion (Χαϊδάριον) is in foarstêd yn it noardwesten fan 'e Grykske haadstêd Atene.
Geografy Chaidari leit oan 'e foet fan 'e berch Egaleo oant yn it westen de kust fan 'e Golf fan Elefsina. It plak leit likernôch seis km noardwestlik fan 'e Akropolis.
It eastlike diel fan 'e gemeente wie earder in agrarysk gebiet, oant it yn 'e jierren 1950-1980 foar in grut part beboud waard.
It besjen wurdich thumb|left|Kleaster fan Dafni. It kleaster fan Dafni is ûnderdiel fan UNESCO-wrâlderfgoed en stiet yn in dinnebosk oan 'e saneamde Hillige Wei by in trochgong troch it Egaleo-berchtme. Eartiids stie dêr in timpel foar Apollo. Súdwestlik fan it kleaster is in grot, dêr't sûnt de 6e iuw f.Kr. Pan en de nimfen fereare waarden. Westlik fan it kleaster wie in hillichdom fan Afrodite út de antike tiid, wêrfan't mar in pear resten sichtber binne. Palataki-toer Diomedeios Botanyske Tún: botanyske tún fan 'e Universiteit fan Atene mei in oerflak fan 1,5 km²
Konsintraasjekamp It konsintraasjekamp Chaidari of koartwei KZ Chaidari wie yn 'e Twadde Wrâldkriich oarspronklik in Italjaansk en sûnt 1943 in Dútsk konsintraasjekamp. It kamp stie ûnder lieding fan 'e Schutzstaffel (SS). It oantal finzenen wie trochstrings 2.000 minsken. Meiïnoar waarden sawat 20.000 finzenen yn it kamp fêstholden. In soad dêrfan waarden nei Dútslân deportearre en 1.900 waarden fermoarde op 'e sjitbaan fan Kesariani of yn Dafni.
In soad Ateenske joaden, mar ek joaden út oare dielen fan Grikelân, lykas hast 1.700 minsken fan Rodos, waarden fan Chaidari nei it ferneatigingskamp Auschwitz-Birkenau deportearre.
Kategory:Plak yn Grikelân Kategory:Gemeente yn Grikelân Kategory:Plak yn Grikelân Kategory:Gemeente yn Grikelân