De kroeskoppilekaan (Pelecanus crispus) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).

Ferskining thumb|left|Kroeskoppelikaan yn Tiergarten Schönbrunn, Wenen. Kroeskoppilekanen wurde 160 oant 180 sm lang en ha in spanwiidte fan 270 oant 350 sm. Hy hat in meast wyt fearrekleed mei op 'e krún krollige fearren. De wjukken binne ek wyt, mar de rânen fan 'e slachpinnen kinne griis of swart wêze. De soarte hat in ljochte iris, in oranjereade kielsek en grize poaten. It fearrekleed fan beide skaaien binne allyk.

Se ha in soad fan 'e rôze pilekaan, dy't ek in wyt fearrekleed hat, mar hielendal swart earm- en hânpinnen hat. De rôze pilekaan hat boppedat in donkere iris mei om it each bleate rôze hûd, in giele kielsek en fleiskleurige poaten. Fersprieding De fûgel komt yn Súdeast-Europa, Lyts-Aazje, Sintraal-Aazje en East-Aazje foar. Kroeskoppilekanen binne trekfûgels. Europeeske fûgels trekke nei it eastlike diel fan 'e Middellânske See en de fûgels út Ruslân en Sintraal-Aazje oerwinterje yn Iran, Irak en it Yndiaaske subkontinint en de Mongoalske fûgels oan kusten fan Sina.

Yn it ferline wie it leefgebiet fan 'e soart grutter. De fûgel kaam yn grutte dielen fan Europa foar.

Nederlân De fûgel hat eartiids ek yn Nederlân bret, yn alle gefallen oant yn 'e Romeinske tiid mar fanwegen in archeologyske fynst út de 15e iuw nei alle gedachten ek noch folle langer. Ut spoaren op bonkjes witte wy dat der op 'e fûgels jage waard. Der binne lykwols te min resten oantroffen om mei wissens konklúzjes oer de oanwêzigens fan 'e fûgel te lûken.

Hjoed-de-dei wurde der út en troch swalkers waarnommen, fakentiden bisten dy't út dieretunen ûntsnapt binne. Der wurdt ûndersyk dien nei de mooglikheid om de soarte yn gebieten lykas de Iselmar en de Biisbosk te weryntrodusearjen. Hâlden en dragen thumb|left|Jonge fûgels. It iten fan 'e kroeskoppilekaan bestiet út fisk en se ha alle dagen minstens ien kilo fisk nedich. Se wurkje gear troch yn in heale sirkels te swimmen en sa fisk byinoar te driuwen om se op it lêst op te skeppen.

Se briede yn tichte koloanjes yn swietwettersompen. Jonge fûgels fan trije oant fjouwer wiken wurde ûnderbrocht yn in kres. De âlden hâlde dêr gjin tafersjoch op, mar fuorje se noch wol. As de jonge fûgels in moanne âld binne, fleane se foar it earst en nei seis wiken kinne se sels foar iten soargje.

Status thumb|Fûgels op briedeilannen op 'e Kerkinimar yn Grikelân. Nei in foarse delgong yn 'e 19e en 20e iuw waarden de oantallen fan 'e soarte tusken 10.000-20.000 fûgels rûsd. De bekende koloanjes yn Europa lizze yn natuergebieten en wurde goed beskerme. Bûten Europa hat de fûgel te meitsjen mei oantaasting fan it habitat troch de oanlis fan ynfrastruktuer oan 'e kust en wetterfersmoarging. Ek de jacht en it oerbefiskjen bedriigje de soarte.

Yn Grikelân, Albaanje, Montenegro, Jeropeesk Ruslân, Roemeenje en Bulgarije binne de oantallen tanommen. De grutste oantallen binne yn Kazachstan, Ruslân en Grikelân te finen. De totale Europeeske populaasje wurdt op 3.000-3.600 pearen (BirdLife International 2015) rûsd. De Mongoalske populaasje bliuwt ôfnimmen en is hast útstoarn.

Dêrfandinne stiet de soarte sûnt 2017 net mear as kwetsber, mar as hast bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pilekaan Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See