Skat is in typysk Dútsk kaartspul, wat ek wol it nasjonale spul fan Dútsklân neamd wurdt, om't it dêr it meast spile kaartspul is. Bûten Dútslân is it fral dêr te finen dêr't Dútskers harren te wenjen set hawwe: Yn Súd-Jutlân yn Denemark hearde it saneamde "Noard-Sleeswyk" ta Dútslân yn 'e Earste Wrâldoarloch en yn Amearika wienen der in protte emigranten mei in Dútske kultuer. De namme komt fan it Italiaansk scartare, dat safolle sizze wol as ôflizze (twa kaarten wurde oan it begjin apart lein, en jhitte dan de "Skat" te wêzen).

Regels De wurdt ornaris spile mei trije spilers en mei 32 kaarten, Frânsk of Dútsk. Yn beide gefallen wurde de nûmers fan sân oant njoggen brûke, en dêr boppen de boer/Unter, de Frou/Ober, de Hear, de tsien en de Aas. Elts krijt tsien kaarten, wat twa kaarten oerlit. De earste spiler biedt dan dat er in kontrakt fan 18 kontraktpunten helje sil. De twa spile kin dêroerhinne gean of pasje, en safuorthinne. Nei't ien fan beiden oer is, mei de tredde biede.

As op it lêst fêststiet wa't it kontrakt hat, dan moat dy spiler tsjin de oare twa spylje. Hy kin dêrby de skat besjen, en dan ek wer twa kaarten weromlizze. Dat hoecht lykwols net; in kontrakt is heger as de skat net sjûn wurdt. Dan wurdt der spile, mei bekennen en ornaris mei troef. It spul hat 120 kaartpunten, dat ornaris wint de spiler at er 61 kaartpunten of mear hat.

Skat