Fargo is in Amerikaanske misdiefilm en swarte komeedzje út 1996, dy't as ûnôfhinklike film regissearre, produsearre en skreaun waard troch de bruorren Joel en Ethan Coen. De haadrollen waarden fertolke troch Frances McDormand as in lakonike plattelânske plysjekommissaris dy't op alle dagen rint, William H. Macy as in ûnnoazele autoferkeaper dy't him op it paad fan 'e misdie bejout, en Steve Buscemi in behurde mar neat te snuggere beropskrimineel. De titel ferwiist nei de stêd Fargo, yn Noard-Dakota, dêr't de earste sêne spilet.

It ferhaal folget autoferkeaper Jerry Lundegaard, dy't syn djippe finansjele problemen tsjin eltse priis foar syn frou Jean en syn dochs al op him delsjende skoanheit Wade ferburgen hâlde wol. Hy lit dêrom Jean ûntfiere troch in pear kriminelen mei de bedoeling om it troch Wade betelle losjild mei de beide mannen te dielen. Dat plan rint al hiel gau mis, mei deaden links en rjochts ta gefolch. Plysjekommissaris Marge Gunderson komt Lundegaard-en-dy op it spoar en sit harren al rillegau op 'e hakken.

Fargo waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige tige loovjende resinsjes fan 'e measte filmkritisy en wie yn 'e bioskopen ek in grut kommersjeel súkses. Fargo wûn twa Oscars, in BAFTA, in Screen Actors Guild Award, in Saturn Award, trije Satellite Awards en seis Independent Spirit Awards, en waard nominearre foar ferskate oare wichtige prizen. Yn 2006 waard dizze film boppedat útornearre foar preservearring foar de ivichheid troch opname yn it Amerikaanske Nasjonaal Film Register.

Plot Yn 'e winter fan 1987 is Jerry Lundegaard de bedriuwslieder fan in garaazje anneks autohannel yn Minneapolis (Minnesota) dy't eigendom is fan syn rike skoanheit Wade Gustafson. Troch net neier útleine oarsaken (der wurde taspilings makke op domme ynvestearrings) hat Lundegaard al syn jild ferspile en himsels djip yn 'e skulden stutsen. Hy besiket wanhopich om foar te kommen dat syn frou Jean dat ûntdekt, of, wat noch helte minder wêze soe, syn skoanheit, dy't dochs al op him delsjocht. Dêrom fettet er it healwize plan op om in pear behurde kriminelen yn 'e earm te nimmen en Jean troch harren ûntfiere te litten, om foar har frijlitting $80.000 losjild te easkjen. Wannear't Gustafson dy lospriis dan ophoastet, dielt Lundegaard it jild heal om heal mei de ûntfierders, sadat hy syn skulden ôfbetelje kin. Jean komt mei de skrik frij, de ûntfierders ferdwine om nea wer wat fan harren hearre te litten en Lundegaard kin wer fierder mei syn libben.

Fia de Yndiaanske monteur Shep Proudfoot, dy't by him yn 'e garaazje wurket en dy't kunde yn it kriminele miljeu hat om't er earder in finzenisstraf útsitten hat, komt Lundegaard yn kontakt mei de praatgrage behurde krimineel Carl Showalter en dy syn swijsume partner Gaear Grimsrud. Hy bringt harren yn Fargo (Noard-Dakota) in nije Cutlass Ciera út syn garaazje by wize fan oanbetelling, en de trije mannen komme oerien om mei-inoar yn see te gean. Showalter en Grimsrud ride sadwaande neitiid yn 'e Ciera nei Minneapolis, dêr't se Jean op ljochtskyndei mei geweld út 'e wente fan 'e Lundegaards wei ûntfiere. Om't it te kâld is om har lang yn 'e kofferbak te ferfieren, lizze se har fêstbûn en knevele op 'e efterbank fan 'e auto, mei in stoffen pûde oer de holle hinne om foar te kommen dat se dingen sjocht dy't se net sjen mei.

Underweis nei in ôfhandige blokhut yn Moose Lake, dêr't Showalter en Grimsrud fan doel binne Jean fêst te hâlden oant it losjild betelle is, wurde se yn 'e neite fan Brainerd oanholden troch in lid fan 'e Steatsplysje fan Minnesota. It docht bliken dat Showalter fergetten is en ferwikselje de garaazjekentekenplaten fan 'e Ciera foar normale nûmerbuorden. Showalter besiket de plysjeman op knoffelige wize om te keapjen, wat it spul allinnich mar minder makket. As Jean leven jout, en de plysjeman foar it ferstân kriget dat der in fêstbûne frou op 'e efterbank leit, lûkt Grimsrud in pistoal en sjit er de plysjeman troch de holle. Showalter stapt neitiid út om it lyk fan 'e plysje fan 'e wei ôf te slepen, mar wylst er dêrmei dwaande is, riidt der in auto foarby mei in jonge en in fanke yn harren teenagejierren deryn, dy't by it ljocht fan har koplampen alles sjogge. Grimsrud krûpt efter it stjoer fan 'e Ciera, keart de auto en set de efterfolging yn op 'e beide tsjûgen. Wannear't dy by winterwaar en glêde diken mei hege faasje yn 'e slip reitsje en oer de kop slane, nimt er rêstich de tiid om sawol de geandefoets útnaaiende jonge as it yn it autowrak bekneld sittende fanke dea te sjitten.

De oare moarns, as de trije liken fûn wurde, begjint Marge Gunderson, de plysjekommissaris fan Brainerd, oan har ûndersyk. Dêrby lit se har net mear as lichtlik behinderje troch it feit dat se op alle dagen rint. Op basis fan in oantekening yn it notysjeboekje fan 'e steatsplysjeman komt se sûnder muoite ta de konklúzje dat er deasketten is doe't er in brune Ciera mei garaazjekentekenplaten oanhold. De oare beide moarden binne oerdúdlik it opromjen fan tafallige tsjûgen dy't op it ferkearde stuit op it ferkearde plak wiene. Se folget it figuerlike spoar fan 'e auto fan 'e dieders werom nei it pleatslike Blue Ox Motel, dêr't Showalter en Grimsrud op 'e hinneweis nei Minneapolis de nacht trochbrocht hawwe mei in pear prostituees. Ut 'e oangeande motelkeamer wei blykt skille te wêzen nei in Shep Proudfoot, in monteur yn Minneapolis. Kommissaris Gunderson reizget ôf nei Minneapolis, dêr't se om 'e nocht de stoïsynske Proudfoot befreget en him derop wiist dat er troch tadwaan fan syn maten op it punt stiet werom te gean nei it tichthûs. It leit foar de hân dat de Ciera mei garaazjekentekenplaten ôfkomstich wêze moat út dizze garaazje, mar as Gunderson dêr Lundegaard oer ûnderstiet, hâldt dy út dat der gjin auto's misse. Wylst er dat seit, hâldt en draacht er him lykwols tige fertocht.

Underwilens oerleit Lundegaard mei syn skoanheit Wade Gustafson en dy syn boekhâlder Stan Grossman oer de ûntfiering. Gustafson wol daliks de plysje ynskeakelje, mar Lundegaard wit mei de stipe fan 'e neat fermoedzjende Grossman it near op dat idee te lizzen. As Gustafson seit dat er beslist net mear as $1 miljoen byinoar bringe kin foar it losjild, giet by Lundegaard, dy't ommers fan doel wie om mar $80.000 te freegjen, in lampke oan. Showalter skillet Lundegaard op en easket, fanwegen de trije moarden dy't hy en syn partner begean moatten hawwe, ynstee fan 'e ôfprate $40.000 de hiele $80.000 op. Lundegaard, dy't no wit dat er fan syn skoanheit $1 miljoen loskrije kin, beart foar de foarm in skoftke dat er it dêr net mei iens is en lit Showalter tinke dat dy him derta yntimidearre hat om mei de eask akkoart te gean. Om syn súkses te fieren, siket Showalter wer in prostituee op. Wylst se seksuele omgong hawwe, kringt ynienen Shep Proudfoot de motelkeamer binnen en jout Showalter in ûngenedich wan bruien om't er Proudfoot ûnder de oandacht fan 'e plysje brocht hat.

Showalter is bûnt en blau slein en ferkeart dêrom net yn 'e stimming om noch langer tuike-oan te dwaan. Hy skillet Lundegaard op en easket dat dy it losjild no fuortendaliks nei it dak fan 'e parkeargaraazje yn Minneapolis bringt dêr't de útwikseling plakfine sil. Wade Gustafson wegeret lykwols fan syn $1 miljoen skaat te wurde en stiet derop om sels de útwikseling te dwaan, in idee dat Lundegaard him net ûntprate kin. Underweis nei de parkeargaraazje oefenet Gustafson wat er tsjin 'e ûntfierders sizze sil, eat dat delkomt op: earst myn dochter werom, en pas dêrnei krije jim it jild. Hy blykt in revolver meinommen te hawwen om dat stânpunt krêft by te setten. Showalter is der min oer te sprekken as ynstee fan Lundegaard in wyldfrjemde keardel opdûkt om it losjild oer te langjen. Om't er syn mei-gearspanner ferwachte, hat er ek neat dien om syn identiteit te ferbergjen. Wannear't Gustafson ek noch lestich docht oer de ôfjefte fan it jild, lûkt er syn pistoal en sjit de man yn it boarst. Mar Gustafson lûkt syn revolver en fjurret werom, wêrby't er Showalter troch de kaak sjit. De ta razernij brochte ûntfierder leget dêrnei it magazyn fan syn pistoal yn 'e al swierferwûne Gustafson, dat dy it bestjert. Hy nimt de tas mei it losjild mei en sjit by it ferlitten fan 'e parkeargaraazje ek noch de parkearwachter yn syn hokje by de slachboom dea. Lundegaard, dy't fuort letter arrivearret, treft syn skoanheit dea oan.

Underweis werom nei Moose Lake docht de bliedende en pisnidige Showalter de tas iepen en ûntdekt ta syn alteraasje dat der gjin $80.000 yn sit mar $1 miljoen. Hy hellet $80.000 út 'e tas om te dielen mei Grimsrud, en siket dan in gaadlik plak yn 'e midden fan nearne op, dêr't er de tas mei de restearjende $960.000 yn 'e djippe snie yn 'e berm by de wei lâns bedobbet. Om dat plak letter weromfine te kinnen, stekt er in reade iisskraber rjochtop yn 'e snie. Werom yn 'e blokhut by Moose Lake blykt Grimrud yn 'e tuskentiid Jean deaslein te hawwen om se har net stilhâlde woe. Showalter hellet dêr fierders de skouders oer op. Hy stelt foar om it losjild fan $80.000 midstwa te dwaan om dan fuortendaliks útinoar te gean en elts in plak te sykjen om in skoft ûnder te dûken, oant it plysjeûndersyk nei de moarden fêstrûn is. Grimsrud liket dat skoan ta, mar hy wol behalven de $80.000 ek de Ciera midstwa diele troch dejinge dy't de auto hâldt de oare dêrfoar de helte fan 'e wearde betelje te litten. De ynklauwerige Showalter wol dêr neat fan witte en easket de auto op as fergoeding foar de oprûne ferwûnings oan syn kaak. Hy leit $40.000 op 'e tafel, nimt de rest fan it losjild mei en rint nei bûten ta. Healwei de auto komt Grimsrud him fan efteren oer it mad en slacht him dea mei in heksebile.

Yn Minneapolis giet Marge Gunderson ûnderwilens werom nei de garaazje, dêr't se jitris Jerry Lundegaard oan 'e tosk fielt oer de fraach oft der wier gjin auto's misse. Op 'e nij hâldt en draacht Lundegaard him tige fertocht. Hy beart lulk te wurden, docht de oerjas oant en seit dat er alle auto's op it terrein dan fuortendaliks wol telle sil, as dat sa wichtich is. Mar fuort letter sjocht Gunderson him yn syn eigen auto fuortriden. Se skillet de steatsplysje op om in arrestaasjebefel tsjin him út te furdigjen. Neitiid keart se werom nei Brainerd, dêr't yn 'e tuskentiid in tip binnenkommen is oer in "apart útsjend mantsje" (Showalter), dy't yn in bar yn Moose Lake opskept hat oer in moard dy't er begien hat. Gunderson beslút om dêr ris wat om te sneupen, en by in ôfhandige blokhut sjocht se in brune Ciera stean. Se giet op ûndersyk út en trappearret Grimsrud wylst er it lyk fan Showalter troch in houtfersnipelder triuwt. De krimineel besiket út te naaien, mar Gunderson sjit him yn 'e skonk en rekkenet him yn. Underweis nei it sikehûs mei har ferwûne arrestant besaut se har der lûdop oer dat der lju besteane dy't ree binne om te moardzjen as se dêrmei in bytsje jild winne kinne. Net folle letter wurdt Lundegaard oppakt yn in motel yn 'e neite fan Bismarck (Noard-Dakota).

Gunderson giet nei hûs, dêr't har man Norm, in keunstskilder, har fertelt dat de Amerikaanske Postale Tsjinst syn ôfbylding fan in wylde ein útkeazen hat foar in postsegel fan trije dollarsint. Hy beklaget him deroer dat it fûgelplaatsje fan in troud pear fan harren kunde (en syn wichtichste rivalen) útkeazen is foar de folle mear brûkte postsegel fan 29 sint. Gunderson wiist him derop dat in protte minsken de postsegels fan lytsere denominaasjes oanskaffe moatte as de priis fan postsegels ferhege wurdt en se noch in hiel fel fan 'e âlde postsegels thús lizzen hawwe. Norm lit him dêrtroch gerêststelle. Hy en de frou krûpe tegearre op bêd om tillefyzje te sjen en binne folslein gelokkich mei har kalme húslike bestean.

Rolferdieling

haadrollen personaazje akteur/aktrise               plysjekommissaris Marge Gunderson Frances McDormand Jerry Lundegaard William H. Macy Carl Showalter Steve Buscemi

byrollen