De lytse pilekaan (Pelecanus rufescens) of de readrêchpilekaan is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).
Ferskining thumb|left|Kop fan 'e lytse pilekaan. De fûgel is 125 oant 132 sm lang en weaget 3,9 oant 7 kg en is dêrmei in relatyf lytse pilekaan. De snaffel is 29 oant 38 sm lang en de spanwiidte is 2,16 oant 2,90 meter. De fearren fan 'e lytse pilekaan binne griis mei wat wyt en hy hat in rôze-reade rêch. De snaffelpunt is giel en de kielsek meastentiids griis. Folwoeksen fûgels yn brieddracht ha lange fearren op 'e krún.
Fersprieding De fûgel komt lokaal yn Afrika ûnder de Sahara en yn it suden fan it Arabyske Skiereilân foar. It is benammen in stânfûgel, mar migrearret ôfhinklik fan 'e beskikberens fan wetter. Lokaal yn Súd-Afrika is de fûgel nomadysk en de populaasje yn West-Afrika migrearret yn 'e reintiid nei it noarden nei de sub-Saharaanske steppes, dy't dan splis steane. Op Madagaskar is de fûgel útstoarn.
Bûten it ferspriedingsgebiet wurde de fûgels út en troch waarnommen yn oare dielen fan it Midden-Easten lykas Turkije, Libanon, Israel, Koeweit, Oman en Jordaanje. Yn Europa wurdt oannommen dat de waarnimmingen yn Spanje faak wylde fûgels binne, wylst dy yn Dútslân, Eastenryk, Frankryk, Portegal, Nederlân en Poalen as mooglik ûntsnapte fûgels beskôge wurde.
De lytse pilekaan libbet yn in ferskaat oan wetterhabitats, fral yn kalm en ûndjip wetter mei fegetaasje. Hy hat in foarkar foar in swietwetterhabitat lykas marren, sompen, stadich streamende rivieren, mar kin ek foarkomme op splis lân of op fivers. Somtiden wurdt er ek yn sâlte marren en lagunes of sels oan 'e kust yn baaien waarnommen.
Hâlden en dragen thumb|left|Jonge fûgel. Se briede en rêste faak yn koloanjes yn beammen fan mangroves, mar rêste ek op sâneilannen, rotsen, riffen en yn dunen. Om't de beammen dêr se briede faak stjerre as der langer yn bret wurdt, ferhûzje de koloanjes lokaal. It nêst is lyts en makke fan tûkjes op likernôch 10 oant 50 m boppe de grûn. Yn in beam sitte meardere nêsten somtiden tige ticht op inoar en in nêst wurdt faak meardere jierren brûkt.
Hy fret hast allinnich fisk.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt as net bedrige beskôge. Op basis fan dizze kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. De populaasje wurdt op 33.300 oant 66.700 folwoeksen fûgels rûsd (2023).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pilekaan Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Middellânske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Swarte See Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaspyske See