thumb|Swarte Pytkaarten (1953) Swartepytsjen is in kaartspul, ornaris foar bern. It is in negatyf spul: It bepaalt wa't de ferliezer is.

Regels De kaarten wurde opdield ûnder de spilers. Pearkes wurde foarme troch twa has gelikense kaarten. Eltse spiler dy't in pearke yn 'e hannen hat, leit dy kaarten altiten iepen wei. As in spiler gjin lege hannen hat, nimt er as er oan bar is, sûnder te sjen, in kaart út de hân fan de earste spiler lofts fan harren dy't noch net mei lege hannen sit. Dêrmei giet de beurt oer nei dỳ spiler. As in spiler al lege hannen hat, is de bar foar de speler fierder nei lofts. It spul eindiget trochdat der noch mar ien spiler oer is, dy't in kaart hat, dêr't er gjin pearke mei meitsje koe. Dy kaart is de swarte pyt, en de spiler dy't dy as lêste yn hannen hat, hat dêrmei it spul ferlern.

Kaarten Swartepytsen wurdt ornaris spie mei in net te grut tal kaarten. It kin spile wurde mei in gewoan spul fan 52 kaarten, dêr't dan de heechste kaart fan fuortlein wurdt. It feit dat dat ornaris de swarte klaverboer is, tsjut oan dat it spul ûntstien is mei in skatspul, om't yn skat klaverboer de heechste kaart is. As de klaverboer fuorthelle wurdt, is de skoppenboer de heechste. Om het even of it mei 51 kaarten as mei 31 kaarten spile wurdt: De swarte boer is de kaart dy't allinnich oerbliuwt. Alle oare kaarten foarmje pearkes mei hast gelikense kaarten: harten mei ruten fan deselde rang, klavers mei schoppen fan deselde rang.

Noch lytsere tallen kaarten wurde ek brûkt: in joekerspul, mei de joker derby makket 25 kaarten; 12 pearkes plus joker. In spul foar bêrn hat dan 12 tekenings fan froulju en 12 fan manlju dy't dêr by passe; bygelyks in fiskfinster en in fiskerman. Dan bliuwt der ien kaart allinnich oer: In persoan mei in swart antlit, dêr't men net krekt fan sizze kin oft it in frou as in man is.

Kategory:Kaartspul