De brune pilekaan (Pelecanus occidentalis) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).

Ferskining thumb|left|Oerwinterjende pilekanen oan 'e kust fan Oregon. De fûgel is foar it measte sulvergriis mei brún mei in wite of wyt mei giele kroan en in kastanjebrune hals. De grieneftige, keale hûd op it gesicht en de kielsek wurde yn 'e briedtiid feller fan kleur. It fearrekleed is by beide skaaien allyk. Brune pilekanen wurde 100 oant 150 sm lang, ha in spanwiidte fan 203 oant 228 sm en binne mear as 3,5 kg swier.

Fersprieding De soarte komt foar oan 'e Pasifyske kust fan Amearika fan westlik Kanada oant it noarden fan Perû en oan 'e Atlantyske kust fan 'e noardlik Feriene Steaten oant it noarden fan Brazylje. De noardlike populaasje trekke nei it suden.

De fûgel komt algemien foar oan kusten en by mûningen fan rivieren. Undersoarten De wurde fiif ûndersoarten erkend.

Undersoarten Ofbyld Wittenskiplike namme Fersprieding 120px P. o. californicus westlike kustkriten fan 'e Feriene Steaten en westlik Meksiko. 120px P. o. carolinensis de Atlantyske kusten fan 'e tuskenbeide en tropyske Amearika's 120px P. o. murphyi: de westlike kust fan Kolombia en Ekwador.120px P. o. occidentalis Karibyske kusten fan West-Ynje120px P. o. urinator Galapagoseilannen

Hâlden en dragen Brune pilekanen kinne maklik nuet wurde. It iten bestiet út fisk, dy't fongen wurdt troch te dûken of oars fan it seeoerflak.

De briedkoloanjes lizze meastentiids op eilannen foar de kust. It nêst bestiet út in holte op 'e grûn dat beklaaid is mei fearren en oar materiaal, mar ek konstruksjes fan tûken yn strûken en beammen fan mangroves. Der wurde twa oant trije krytwite aaien lein en de briedtiid is 28 oant 30 dagen. De rôze piken wurde yn 4 oant 14 dagen griis of swart en nei 63 dagen kinne se fleane. Tusken seis en njoggen wiken nei it útkommen fan 'e aaien ferlitte de jonge fûgels it nêst om yn lytse groepen mei oare juvenilen gear te kommen.

Status thumb|left|Pilekaan mei Paul Krögel as earste opsichter fan it Pelican Island. Yn 1903 stifte Theodore Roosevelt it earste fûgelreservaat fan 'e Feriene Steaten, it Pelican Island National Wildlife Refuge yn Florida. Dat wie om de brune pilekaan tsjin 'e jacht te beskermjen.

De soarte hat slim te lijen hân fan it brûken fan DDT en tusken 1970 en 2009 waard it bestean fan 'e fûgel yn 'e Feriene Steaten bedrige. Nei't yn 1972 it brûken fan DDT yn Florida ferbean waarde en de rest fan 'e Feriene Steaten letter folge, naam de populaasje fan 'e brune pelikaan wer ta. Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte noch jimmeroan tanimme. De fûgel wurdt dêrfandinne troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre op 'e Reade list.

Kultuer De brune pelikaan is de nasjonale fûgel fan Sint-Marten, Barbados, Sint-Kits en Nevis, en de Turks- en Kaikoseilannen en de offisjele fûgel fan 'e steat Louisiana.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Pilekaan Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Karibyske See