De kleasters fan Dapfni, Osios Loukas en Nea Moni (Gios) binne trije kleasters dy't fier útinoar lizze mar alletrije ûnder deselde ynskriuwing op 'e wrâlderfgoedlist fan UNESCO steane.

It kleaster fan Dafni stiet westlik fan Atene, wylst it kleaster fan Hosios Loukas yn 'e histoaryske krite Fokida (Sintraal-Grikelân) en it kleaster fan Nea Moni op it eilân Gios stiet.

De kleastertsjerken binne allegear boud neffens in krúsfoarmich ûntwerp mei in grutte koepel dy't troch bôgen ûnderstipe wurde en fertsjintwurdigje de saneamde Twadde Gouden Iuw fan Byzantynske keunst. Yn'e 11e en 12e iuw waarden de tsjerken mei moarmer en mozaïken op in gouden eftergrûn fersierd.

List monuminten Ofbyld Namme Boutiid Köordinaten 120px Kleaster fan Hosios Loukas 11e en 12e iuw 120px Kleaster fan Dafni 11e iuw 120px Nea Moni 11e iuw

Kategory:Wrâlderfgoed yn Grikelân