De Wardpark Film and Television Studios, ornaris koartwei de Wardpark Studios neamd, binne in studiokompleks yn Cumbernauld, yn súdlik Skotlân, likernôch healwei tusken Edinburgh oan 'e eastkust en Glasgow oan 'e westkust. De Wardpark Studios besteane sûnt 2013 en binne sawol op pleatslik nivo as foar Skotlân as gehiel fan ekonomysk belang. De oprjochting fan it studiokompleks waard dêrom mei belestingfoardielen en subsydzjes skewiele troch it autonome regear fan Skotlân.

Skiednis De Wardpark Studios waarden yn 2013 oprjochte, spesifyk om yn Skotlân in opnamefasiliteit te hawwen foar de produksje fan 'e populêre tillefyzjesearje Outlander, basearre op 'e romansearje fan Diana Gabaldon (oer in Ingelske ferpleechkundige út 'e tweintichste iuw, spile troch Caitriona Balfe, dy't fia in stiennerûnte yn 'e tiid werom reizget nei it Skotlân fan 'e achttjinde iuw). It studiokompleks waard fêstige yn in âld fabryk foar boumaterialen fan it fan oarsprong Noarske bedriuw Isola. It kompleks waard foar it nije doel yngeand ferboud en der waarden ek nije gebouwen oan tafoege. Yn 2018 folge in nije útwreiding.

Fasiliteiten De Wardpark Studios omfetsje anno 2025 5 ûnderskate soundstages: ien mei in oerflak fan 1.209 m² en in hichte fan 12.19 m, ien mei in oerflak fan 1.116 m² en in hichte fan 6.40 m, twa mei in oerflak fan 1.0691/2 m² en in hichte fan 7.92 m en ien mei in oerflak fan 465 m² en in hichte fan 4.39 m.

Dêrnjonken binne der, foar û.o. de fabrikaazje fan dekôrstikken, wurkplakken mei natuerlik ljocht dy't mei-inoar 7.533 m² beslane. De oanwêzige opslachromten foar dekôrstikken en rekwisiten hawwe in oerflak fan 1.0691/2 m². Fierders binne der romten foar fisazjy, hierfervjen, kostúms en in waskerette (mei-inoar 2.046 m²), 6 mei airconditioning tariste keamers foar filmmontaazje (465 m²), kantoarromte yn it kompleks sels mei in oerflak fan 3.441 m² en dêrnjonken noch in frijsteand kantoarblok mei in oerflak fan 1.767 m².

Oare fasiliteiten binne in greenscreen bûtendoar, in kantine, in sportskoalle en dûsen. De Wardpark Studios hawwe sels likernôch 100 wurknimmers fulltime oan it wurk, en by opnamen kin it kompleks dêropta noch 165 akteurs en crewleden bergje. De studio's meitsje foar oanfoljende tsjinsten (lykas catering, befeiliging en de levering fan boumateriaal foar de dekôrstikken) safolle mooglik gebrûk fan pleatslike bedriuwen. De berikberens fan 'e Wardpark Studios bedraacht 2 minuten nei it lytse fleanfjild fan Cumbernauld (dêr't foar opnamen ek helikopters hierd wurde kinne), en 30 minuten elts nei de gruttere lofthavens fan Edinburgh en Glasgow.

Produksjes Anno 2025 binne yn 'e Wardpark Studios de opnamen oan 'e gong foar it achtste seizoen fan 'e tige populêre tillefyzjesearje Outlander, dy't produsearre wurdt troch de tillefyzjestudio's Sony Pictures Television en Left Bank Pictures foar it tillefyzjenetwurk Starz. Dêrnjonken binne ek dielen fan oare produksjes yn it studiokompleks filme, wêrûnder, yn 2018, beskate sênes út 'e superheldefilm Avengers: Infinity War.

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Wardpark Film and Television Studios

Kategory:Film- en telefyzjestudiokompleks yn Skotlân Kategory:Skotsk bedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2013 Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Kategory:Bouwurk út 2013 Kategory:Bouwurk út 2018