Umwelt Memory', yn it Hollânsk Milieu memory, is in fariant fan Memory, wat rjochte wie op miljeubeskerming. It is in spul út 1993 fan Anja Langenbacher, útjûn troch Ravensburger. Ludorium It spul omfiemet 56 kaartsjes, illustrearre troch Jörg Bauer. It is in spul foar twa oant fiif spilers fan 8 jier ôf.

Omskriuwing Lykas yn Memory is it in spultsje fan it by elkoar finen fan kearde kaartsjes. Lykwols, is dit in spultsje fan in soart dêr't net twa deselde kaarten by fûn wurde moatte, mar dêr't kaartjes dy't by elkoar passe: In bytsje as wie it swartepytsjen.

In oar ferskil is dat dêr't Memory no krekt basearre is op groepen fan twa kaarten, dìt spul mei in fariabel oantal kaartsje wurket: It tema is dat ien fan de 21 produkt-kaartsjes kombinearre wurde moat mei 8 kaartsje fan ôffalkonteners. (Der binne mear fan dyselde kaartsjes, dat immen kin nochris in twadde kaartsje mei printwurk yn 'e papierbak smyte.) De produktkaartsjes hawwe pylken dy't oanjouwe wat mear nedich is. Guon produkten moatte lykwols yn mear as ien kontener fuortsmiten wurde, lykas in sûkeladereep dêr't in part fan de wikkel papier is, en in oar part alluminium. Yn dat gefal moat nei't de earste twa kaartsjes al keard binne, ek noch in tredde passend kaaartsje keard wurde. Slagget it, dan hat de spiler alle trije de kaartsjes wûn: slagget it net, dan wurde alle trije wer dichtkeard.

It kin sels wêze dat in produkt trije konteners nedich hat foar it fuortsmiten, wat yn totaal in groep fan fjouwer kaarten is dy't by elkoar socht wurde moatte. Oarsom, binne der produkten dêr't hielendal gjin konteners by nedich bine. VIVES SpellenLab

Oardiel It is dúdlik in oar spul as ienfâldich Memory. It jout ek dúdlik oar wat de problemen binne by it skieden fan ôffal. Oarsom is dit in spul dat jildt foar de skiedingsregels sa't dy jilde foar Dútslân, dat yn Nederlân is it net persys hoe't it wurket. De regels foar oare oantallen kaartsjes binne net krekt fier genôch útwurke, wat betsjut dat de spilers sels wat betinke moatte hoe't útsûnderings wurkje moatte. In oar probleem is dat de pylken foar it papierbak-kaartsje ljochtgiel binne, wat betsjut dat dy jûns by min ljocht hielendal net sichtber binne.

Kategory:Tafelspul Kategory:Yntroduksje út 1993 Kategory:Spultsje fan Anja Langenbacher