Hagedissen is de gongbere beneaming foar alle skobhûdige reptilen dy't gjin slangen (Serpentes) binne. Soms wurde de wjirmhagedissen (Amphisbaenia) der ek net ta rekkene, mar meastal wol. Yn totaal binne der mear as 7.100 ûnderskate soarten hagedissen, en dy bisten hawwe as groep in kosmopolityske fersprieding wêrby't se inkeld op Antarktika en yn 'e Arktis en op guon ôfhandige eilannen ûntbrekke. Foarhinne waarden hagedissen mei de wittenskiplike namme Lacertilia beskôge as in ûnderskift fan it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata), mar tsjintwurdich is dúdlik dat dat in parafyletyske en dêrom taksonomysk ûnjildige groep is, mei't guon soarten hagedissen nauwer besibbe binne oan 'e slangen as oan oare hagedissen. De bekendste subgroepen fan hagedissen binne de gekko's, skinken, echte hagedissen, agamen, kameleöns, leguanen, faranen en blynslangen.
Kwa uterlik wurde hagedissen karakterisearre troch in hûd dy't oerdutsen is mei skobben. Se hawwe gjin hier, dat as lichemsskaaimerk beheind is ta sûchdieren. Yn grutte rinne hagedissen útinoar fan beskate soarten kameleöns en gekko's, dy't mar inkele sintimeters lang binne, oant de Komodofaraan, dy't 3 m mjit. De measte hagedissen rinne op fjouwer poaten en meitsje by it rinnen in sterke hinne-en-werjende sydlingse beweging. Beskate kloften, dy't ûnderling net nau oaninoar besibbe binne, hawwe troch konverginte evolúsje krekt as slangen har poaten ferlern en krûpe op 'e hûd fan 'e bealch om. Sokke bisten wurde poatleaze hagedissen neamd.
Hagedissen binne kâldbloedige bisten, dy't ferlet hawwe fan in beskate troch de sinne fersoarge waarmte om aktyf wêze te kinnen. Se binne oer it algemien territoriaal, benammen de mantsjes, en ûnderlinge gefjochten tusken leden fan deselde soarte komme gauris foar. Fierwei de measte soarten hagedissen binne karnivoaren, dy't har proai almeast út in mûklaach wei oer it mad komme. It menu fan 'e lytsere soarten bestiet foar it measte part út ynsekten, mar de Komodofaraan bejaget bisten sa grut as wetterbuffels. Om sels oan rôfdieren te ûntkommen, hawwe ûnderskate soarten hagedissen ferskillende evolúsjonêre oanpassing ûntwikkele, lykas in skutkleur, giftigens, refleksblieden en autotomy: it fermogen om 'e sturt ôf te smiten (by wize fan ôfliedingsmaneuver) en dy letter op 'e nij oangroeie te litten.
Taksonomy Yn 'e trettjinde iuw waarden hagedissen troch de Frânske mûnts Finsint fan Beauvais yn syn Speculum Naturale ("Spegel fan 'e Natoer") al beskôge as hearrend ta de reptilen. Doedestiden waarden ûnder de reptilen in wiid ferskaat oan ovipare bisten beslein dy't gjin fûgels wiene, wêrûnder net inkeld hagedissen, mar ek slangen, amfibyen, wjirms en ferskate fantastyske en mytyske meunsters, lykas draken. Yn it op 'e rede basearre tiidrek fan 'e Ferljochting waard yn 'e achttjinde iuw it leauwen yn it bestean fan draken en oare mytyske wêzens ôfwiisd, en krige de term "reptilen" in ingere betsjutting.
Yn 1802 waard troch de Ierske anatoom James Macartney de Latynske term Sauria yntrodusearre op basis fan it Frânske wurd sauriens, dat twa jier earder troch Alexandre Brongniart optocht wie. Sauria, dat yn it Frysk oerset wurde kin as sauriërs, waard yn 'e njoggentjinde iuw lange tiid brûkt as in oerkoepeljende beneaming foar langwerpige reptilen mei in lange sturt dy't har op fjouwer poaten fuortbewege. Dêrby gie it om 'e hagedissen en de krokodileftigen (Crocodilia), dy't letter hielendal net nau mei-inoar besibbe blieken te wêzen.
Lettere auteurs brûkten de term Sauria dêrom yn in mear beheinde sin, d.w.s. as in synonym foar Lacertilia, in ûnderklasse fan 'e skobhûdigen (Squamata), dy't alle hagedissen omfette mar de slangen net. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw kaam lykwols fêst te stean dat it ûnderskift fan 'e slangen (Serpentes) fylogenetysk sjoen midden yn 'e ûnderklasse fan 'e hagedissen (Lacertilia) nêstele is. Dat betsjut dat de hagedissen sûnder de slangen in parafyletyske (en dêrom taksonomysk ûnjildige) groep foarmje, mei't dy groep sûnder de slangen net alle ôfstammelingen fan 'e lêste mienskiplike foarâlder omfettet. De ûnderklasse Lacertilia is dêrom yn ûnbrûk rekke en de term 'hagedissen' wurdt no inkeld noch sjoen en brûkt as in ynboargere mar ynformele term foar bisten út ferskate groepen skobhûdigen útsein slangen.
Evolúsje It naust binne de hagedissen besibbe oan 'e slangen (dy't eins neat oars as in groep poatleaze hagedissen binne mar net as sadanich beskôge wurde). In oare kloft dy't fylogenetysk midden tusken de hagedissen yn sit, wurdt foarme troch de útstoarne mosasauriërs (Mosasauridae), dat reuseftige yn see libjende hagedissen wiene. Likemin as de slangen wurde de mosasauriërs lykwols ornaris ta de hagedissen rekkene. As dy beide groepen bûten beskôging litten wurde, binne de nauste libbene sibben fan 'e hagedissen de brêgehagediseftigen (Rhynchocephalia). Dat is in skift dat ienris in grut ferskaat oan soarten omfieme, mar dêr't no inkeld noch de brêgehagedis (Sphenodon punctatus) út Nij-Seelân fan oer is. Dat bist sjocht der itselde út as in hagedis, mar heart ta in oar, folle âlder komôf dat op himsels stiet.
De ierste hagedissen ûntstiene mooglik yn it Ier- oant Mid-Trias (252–220 miljoen jier lyn). Dat wiene bisten út (no fossile) skaaien as Megachirella en Sophineta, wêrfan't tocht wurdt dat se nauwer besibbe wiene oan 'e libbene hagedissen fan hjoed de dei as oan 'e brêgehagediseftigen. Dêr bestiet lykwols noch gjin wittenskiplike konsensus oer en de posysje fan dy skaaien yn 'e fylogenetyske stambeam fan 'e reptilen is omstriden. De ierste ûnomstriden hagedissen datearje út it Mid-Sjuera (190–170 miljoen jier lyn) fan Jeropa, Aazje en Noard-Afrika. It morfologysk en ekologysk ferskaat fan 'e hagedissen naam sterk ta yn it Kryt (145–66 miljoen jier lyn).
Fersprieding Hagedissen komme op hast de hiele wrâld foar, mar se ûntbrekke op Antarktika, yn 'e Arktis en op beskate ôfhandige eilannegroepen. Wat hichte oanbelanget, komme se foar fan seenivo oant 5.000 m dêrboppe. Mei't se kâldbloedich binne, jouwe se oer it algemien de foarkar oan waarmere tropyske en subtropyske klimaten, mar troch evolúsje hawwe se har oanpast oan alle klimatologyske omstannichheden útsein de meast ekstremen.
Uterlike skaaimerken De measte hagedissen binne frij lytse bisten, mar de folwoeksen lichemslingte fan dizze bisten rint sterk útinoar. Beskate kameleöns, lykas de Nosy-Harablêdkameleön (Brookesia micra), en guon gekko's, lykas de Jaraguadwerchgekko (Sphaerodactylus ariasae) mjitte mar inkele sintimeters, mar de Komodofaraan (Varanus komodoensis), dy't yn syn fersprieding beheind is ta Komodo en oanbuorjende eilannen yn 'e Lytse Sûnda-eilannen fan Yndoneezje, kin 3 m lang wurde en in gewicht fan 150 kg berikke.
Hagedissen hawwe foar it meastepart in silinderfoarmich lichem mei in, yn ferhâlding, skean omheech wizende kop op in koarte hals. Utsein wat de poatleaze hagedissen oangiet, hawwe se fjouwer poaten, dy't sydlings fan 'e romp útstekke. Dêrtroch meitsje hagedissen by it rinnen in sydlings weagjende beweging. De sturt is lang yn ferhâlding ta it lichem. By kameleöns hat de sturt him ûntjûn ta in grypsturt dy't as fyfde lid fungearret. De ûnderskate soarte]n fleanende draakjes (Draco), dy't yn wâlden libje, spriede de ribben út om lytse wjukjes te kreëarjen tusken de foar- en efterpoaten, wêrmei't se fan 'e iene beam nei de oare ta sweve kinne.
Krekt as by oare reptilen is ek by hagedissen de hûd oerdutsen mei in patroan fan inoar foar in diel oerlaapjende skobben, dy't makke binne fan keratine (itselde materiaal dêr't by minsken de neilen út besteane). De skobben biede de kwetsbere hûd beskerming tsjin ynfloeden fan bûtenôf, lykas tichte fegetaasje, rouwe rotsen of it waar. Ek isolearje se it lichem yn beskate mjitte tsjin waarmte en kjeld. Dêrmei ferfolje se foar in part deselde funksje dy't in pels by sûchdieren en in fearrekleed by fûgels. Skobben ferminderje fierders ek it ferlies fan lichemsfocht troch ferdamping, in oanpassing dy't hagedissen by steat steld om sels yn 'e drûchste woastinen te oerlibjen. De skobben kinne oanpast wêze ta richels of stikels foar baltspronk of ferdigening, en guon soarten hawwe osteodermen (bonkige ynslutings yn 'e hûd) ûnder de skobben. By kameleöns kinne de skobben fan kleur feroarje by wize fan kamûflaazje of om 'e gemoedstastân fan it bist wer te jaan. De hûd fan hagedissen is taai en leareftich en groeit net mei it bist mei. Dat betsjut dat hagedissen om 'e safolle tiid ferfelje moatte. Oars as by slangen, dy't har hûd ornaris yn ien stik ferfelje, dogge hagedissen dat stikje by bytsje.
De foarm fan it gebit ferskilt by hagedissen sterk nei soarte en toant dêrmei it brede ferskaat oan diëten dat dizze bisten hawwe, fan karnivoar en ynsektivoar fia omnivoar ta herbivoar. De tonge is faak lang, mar kin by alle soarten yn elts gefal oant bûten de bek útstutsen wurde. Roofhagedissen (Helodermatidae), faranen (Varanidae) en tegû's (Teiidae) hawwe in tonge mei in foarke punt, dy't se foar it meastepart of allinnich mar brûke om har om-en-by mei waar te nimmen. Krekt as by slangen glûpt de tonge by har oan ien wei troch út 'e bek om molekulen út 'e lucht op te pikken en wer werom nei binnen ta om dy molekulen oer te bringen nei it fomeronasale orgaan dat ferlykber (mar net itselde is) as de smaaksin en de rooksin by minsken. Gekko's, dy't gjin eachlidden hawwe, brûke de tonge ek om har eagen mei te befochtigjen en skjin te slikjen. Kameleöns hawwe in ekstreem lange tonge, dy't se mei grutte faasje út 'e bek "sjitte" litte kinne; de útein wurdt foarme troch in tige kleverige fertsjûking, dêr't ynsekten oan klibjen bliuwe, wêrnei't de tonge wer weromhelle wurdt nei de bek ta.
Trije kloften hagedissen, te witten: gekko's, kameleöns en anolissen, hawwe oanpaste skobben op 'e soallen fan 'e teannen, dy't harren it fermogen jouwe om gryp te finen op sels de glêdste ûndergrûnen. Fral by gekko's, dy't sels by in glêzen rút opkuierje kinne, is dat fermogen tige sterk ûntwikkele. De oanpaste skobben besteane út miljoenen lytse setae (hiereftige struktueren), dy't sa ticht tsjin 'e ûndergrûn oan komme te sitten dat se wol lykje te kleven, hoewol't dat eins net sa is. Ynstee wurdt der gebrûk makke fan wat yn 'e natuerkunde Van-der-Waalskrêften neamd wurde. Kameleöns hawwe de bykommende oanpassing dat by har de teannen ferdield binne yn twa groepen: der wize twa teannen foarút (de middelste beide, 2 en 3) en twa teannen efterút (de bûtensten, 1 en 4). Dat is in anatomysk ferskynsel dat sygodaktyly hjit, en dat ek foarkomt by beskate groepen fûgels, te witten: de pappegaai-eftigen (Psittaciformes), de koekoekeftigen (Cuculiformes) de measte spjochteftigen (Piciformes), guon fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes) en de fiskearnen (Pandionidae).
Giftigens Oant 2006 mienden herpetologen dat it Gilameunster (Heloderma suspectum) en de Meksikaanske roofhagedis (Heloderma horridum) de iennichste giftige hagedissen wiene. Mar doe die bliken dat ferskate soarten faranen, wêrûnder de Komodofaraan (Varanus komodoensis), in krêftich gif produsearje yn harren mûlklieren. It gif fan 'e bûnte faraan (Varanus varius), bygelyks, feroarsaket mei gauwens bewusteleazens troch in sterk ferlege bloeddruk en yntins blieden troch it tsjingean fan it stjurjen fan bloed. Njoggen klassen toksines dy't troch slangen produsearre wurde, komme ek by hagedissen foar, mar it fermogen ta it produsearjen fan gif liket beheind te wêzen ta de klade fan 'e gifskobhûdigen (Toxicofera), en binnen dy kloft ta de groepen dy't it naust besibbe binne oan 'e slangen, lykas de roofhagedissen en de faranen. De slangen en de gifskobhûdige hagedissen stamje ôf fan in mienskiplike foarâlder dy't omtrint 200 miljoen jier lyn libbe hawwe moat, en it liket derop dat dêr de mienskiplike ûntwikkeling ta giftigens wei komt.
Libbenswize Habitat