Yvonne Keuls-Bamberg (Batavia, 17 desimber 1931 - De Haach, 16 novimber 2025) wie in Nederlânsk skriuwster. In tal fan har boeken waarden bekroand en binne útgroeid ta klassikers fan de Nederlânske literatuer.
Libbensrin Yvonne Keuls waard berne yn 1931 yn Nederlânsk-Ynje. Sy hie in Javaanske mem en in Joadske heit. Yn 1938 setten har âlden ôf mei har en har âldere bruorke nei Nederlân. Doe't Yvonne 13 wie krige se tuberkuloaze en waard behannele yn in sanatoarium.
Hja folge letter de oplieding ta ûnderwizeres en waard learares op in legere skoalle yn de Haachske Skilderswyk. Yn 1954 boaske sy, wêrtroch't se ûntslein waard, lykas doetiids gebrûklik wie. It pear krige trije bêrn. Allinne mar thússitte befoel har net; hja woe har kapasiteiten benutte en begûn te skriuwen.
Keuls skreau yn de jierren 60 ferskate toanielbewurkingen foar telefyzje en yn 1969 ferskynde har earste boek De toestand bij ons thuis, in bondeling fan har kollums foar de krante Het Vaderland. Letter rjochte se tegearre mei oaren in opfanghûs op foar jongeren dy't ferslave wiene of psychyske help nedich hiene. Har boeken De Moeder van David S. en 'Het verrotte leven van Floortje Bloem binne basearre op jongeren mei dizze problematyk. Fierder skreau se meardere romans oer ferskate ûnderwerpen lykas kriich, dakleazens en pedofily. Har boek Jan Rap en zijn maat, dat yn earste ynstânsje as harkspul útstjoerd waard by de KRO, hat Keuls bewurke foar it toaniel en is yn 25 teäters yn Europa opfierd.
Keuls skreau ek oer har Yndyske eftergrûn yn ûnder oaren de boeken Alle Indische tantes en Mevrouw mijn moeder. Foar dit lêste boek krige se yn 1999 de Trouw Publykspriis, dy't tsjintwurdich bekend is as de NS Publykspriis.
Keuls har wurk waard ûnder mear oerset yn it Deensk, Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Frysk, Hongaarsk, Italiaansk en Sweedsk.
Yvonne Keuls ferstoar op 16 novimber 2025, yn 'e âldens fan 93 jier.
Bibliografy 1965 - Kleine muizen, (toniel) 1967 - Onbegonnen werk, (foar televyzje) , bekroand mei de Mr. H.G. van der Vies-priis 1969 De toestand bij ons thuis 1977Jan Rap en z'n maat, (harkspul) , Yn 1978 bekroand mei de Prijs der Kritiek van de Nederlandse theatercritici en yn 1979 mei Het Zilveren Jongeren Paspoort. Yn 1987 ferfilme. 1979 - Keuls potje 1980 - Een doekje voor het bloeden 1980 - Keulsiefjes 1980 - De moeder van David S., geboren 3 juli 1959 1981 - Regenwormen 1982 - Het verrotte leven van Floortje Bloem Yn 2020 Bekroand mei de Peter van Straaten Psychologiepriis 1985 - Annie Berber en het verdriet van een tedere crimineel 1986 - De arrogantie van de macht 1988 - Daniël Maandag 1988 - Alle Indische tantes 1990 - De tocht van het kind 1992 - Meneer en mevrouw zijn gek, yn 1992 bekroand mei de Floortje Bloem Priis 1993 - Die kat van dat mens 1995 - Lowietjes smartengeld of: Het gebit van mijn moeder 1996 - Keulsiefjes 1999 - Mevrouw mijn moeder, yn 1999 bekroand mei de Trouw Publykspriis. 1999 - Dochters 2001 - Indische Tantes 2001 - Madame K: Van Indisch kind tot Haagse dame 2004 - Familiegedoe 2004 - Trassi tantes 2008 - Benjamins bruid 2009 - Allemaal beestjes 2013 - Koningin van de nacht 2018 - Zoals ik jou ken, ken jij mij 2021 - Gemmetje Victoria''
Kategory:Persoan berne yn 1931 Kategory:Persoan stoarn yn 2025 Kategory:Nederlânsk harkspulskriuwer Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje