De grutsnaffelstins (Phaetusa simplex) is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).
Ferskining De grutsnaffelstirns is net betiizgjen mei oare stirnzen troch syn tige krêftige giele snaffel. Mei in lichemslingte fan 38-42 sintimeter is er in relatyf grutte stirns. thumb|left|Grutsnaffelstirns yn 'e Pantanal, Brazylje. Yn it briedkleed hat de soarte in swarte mûtse. De stút en ûnderkant binne wyt, de flanken griis en de poaten giel. De boppekant is middelgriis, donkerder as by de measte stirnzesoarten. Yn 'e flecht is dúdlik te sjen dat de wjukken trije kleuren ha: fan ljochtgriis nei wyt mei donkere haadslachpinnen. De fûgel hat in brúnswarte iris.
Bûten it briedseizoen binne de kroan en foarholle bleker, lykas dat ek it gefal is by jonge fûgels, dy't ek in blekere snaffel en in brúnbûnte rêch en wjukken ha.
Fersprieding De grutsnaffelstirns is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Phaetusa. Der wurde twa ûndersoarten erkend:
Phaetusa simplex simplex – fan eastlik Kolombia oant eastlik Brazylje, Trinidad, it Amazônegebiet en westlik Ekwador. Phaetusa simplex chloropoda – oan 'e rivier de Paraguay en de rivier de Paraná oant noardlik Argentynje.
Guon autoriteiten ferdiele de fûgel net yn ûndersoarten.
Ekology De soarte komt foar by brede rivieren en marren, dêr't er briedt op strannen en sânbanken. Bûten it briedseizoen wurdt er ek yn estuaria en kustmangrovebosk waarnommen. Grutsnaffelstirnzen briede yn lytse groepkes oant maksimaal hûndert fûgels, faak njonken de Amazônestirns (Sternula superciliaris), de swarte skimker (Rynchops niger) en Amerikaanske lytse stirns (Sternula antillarum). In lechsel bestiet út maksimaal trije aaien.
De fûgel libbet fan lytse fiskjes tusken de fjouwer en tolve sintimeter lang. Hy fangt syn proaien troch te dûken fan seis oant alve meter heech. Ek wurdt waarnommen dat er ynsekten boppe waadflakten fangt of iten siket by it ploegjen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024) op 'e Reade list. In rûge rûzing skat de wrâldpopulaasje op 23.300 oant 83.300 folwoeksen fûgels (Wetlands International 2023).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Grutsnaffelstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla