Blaustirzen foarmje in fûgelskaai (Chlidonias) yn 'e famylje seefûgels (Laridae).

Se hawwe in slank, elegant postuer mei relatyf lange wjukken en in frij lange sturt, mar net sa djip ynsnien lykas by de wytstirnzen (sterna). Ek binne se donkerder yn it fearrekleed as wytstirnzen.

Blaustirzen binne koloanjefûgels en jeie oars as de wytstirnzen en dûke net, mar fleane oer it wetteroerflak om ynsekten en lytse fiskjes te fangen.

Alle blaustirzen binne trekfûgels. Se briede op 'e endemyske Nijseelânske stirns nei op it noardlik healrûn en se migrearje oer grutte ôfstannen om te oerwinterjen yn tropyske en subtropyske gebieten.

Soarten It skaai wurdt yn 4 soarten ûnderferdield: Ofbyld Wittenskiplike namme Fryske namme Fersprieding Status/Trend120px Chlidonias albostriatus Nijseelânske stirns Nij-Seelân bedrige 25pxChlidonias albostriatus op BirdLife120px Chlidonias hybrida wytwangstirns Noardwestlik Afrika, Sintraal- en Súd-Europa oant Súdeast-Sibearje, East-Sina en súdlik oant Pakistan en Noard-Yndia net bedrigeûnbekendChlidonias hybrida op BirdLife120px Chlidonias leucopterus wytwjukstirns Europa, Afrika, Aazje, Austraalje. net bedrige25pxChlidonias leucopterus op BirdLife120px Chlidonias niger blaustirns Europa, West-Aazje, Noard-Amearika, oerwinteret ek oan kustkriten fan Súd-Amearika. net bedrige25pxChlidonias niger op BirdLife

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Seefûgel