De Súdamerikaanske stirns (Sterna hirundinacea) is in Súdamerikaanske fûgel út 'e famylje fan 'e seefûgels (Laridae) yn it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes). De fûgel libbet oan súdlike kusten fan Súd-Amearika ynklusyf de Falklâneilannen noardlik oant Perû en Brazylje. It is de meast foarkommende stirns yn it ferspriedingsgebiet.
Ferskining thumb|left|Súdamerikaanske stirns. Folwoeksen Súdamerikaanske stirnzen wurde 40 oant 44 sintimeter lang en se binne grutter as de gewoane wytstirns (Sterna hirundo) en de noardske stirns (Sterna paradisaea). Fierder ha se wat it fearrekleed it hiele jier troch in soad fan dy soarten. De snaffel is grutter en is read by folwoeksen fûgels en se hawwe gjin donkerkleurige efterrâne fan 'e haadslachpinnen, dy't sawol de gewoane wytstirns as de noardske stirns wol hawwe. De swarte mûtse rint oant ûnder it each.
Jonge fûgels ha streke donkere boppedielen en hâlde bûnte tertials yn it earste jier, yn tsjinstelling ta de gewoane wytstirns en de noardske stirns.
Fersprieding De Súdamerikaanske stirns briedt oan kusten en op eilannen yn súdlik Súd-Amearika en de Falklâneilannen oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan fan east-sintraal Brazylje súdlik oer Argentynje oant Fjoereilân, en oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan fan súdlik Perû en Sily. Winterdeis migrearje súdlike populaasjes nei it noarden nei Ekwador, Oerûguay en súdlik Brazylje. Se wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.
Hâlden en dragen thumb|left|Koloanje yn Argentynje. De Súdamerikaanske komt allinnich oan kustkriten foar en briedt op sânstrannen, op rotsen en lytsere eilannen. De fûgel leit twa oant trije aaien fan april oant juny yn Brazylje, begjin novimber yn noardlik Argentynje en begjin desimber yn súdlik Argentynje. Bûten it briedseizoen wurdt er by strannen, estuaria en havens en oare kustwetters waarnommen op syk nei lytse fiskjes, skaaldieren en nei alle gedachten ek ynsekten.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet mar oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme, mar net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurde kin. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. Tanommen toerisme kin de oarsaak wêze fan 'e delgong yn Sily, dêr't noch mar twa briedkoloanjes oer binne, en ek yn Argentynje. Yn súdlik Brazylje is it sammeljen fan aaien in probleem en dat kin ek ynfloed hawwe op 'e Sileenske populaasje. Op 'e Falklâneilannen is de fiskerij in potinsjele bedriging.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wytstirns Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan