thumb|right|260px|In spoarline mei smelspoar Smalspoor is in spoarline mei in spoarwiidte dy't lytser is as 1435 mm (normaalspoar). Yn guon lannen bestiet it grutste part fan it spoarnet, ynklusyf de haadlinen, út smelspoar.
Yndustrieel of agrikultureel wurdt faak smelspoar brûkt, ûnder yn mear de lân-, bosk-, mynbou, militêre logistyk en yndustry, yn dizze gefallen wurdt ek wol oer fjildspoar praat, fanwegen de ienfâldige oanlis, dy't net altyd like noflik is foar it personiel op de frachttreinen op dizze spoarlinen.
Skiednis De earste smelspoarwei fan 'e wrâld is in Boheemske spoarline út 1556 mei in spoarwiidte fan likernôch 60 sintimeter. Yn'e rin fan'e jierren is foar smalspoar in mearfâld oan spoarwiidtes brûkt. Dat wie net allinnich ôfhinklik fan de eksploitaasjedoelstellings, mar waard ek feroarsake troch ferskillen yn maatfiering tusken it metryk stelsel yn benammen Europa en it ymperiaal stelsel yn de Angelsaksyske lannen.
Foardielen De oanlis fan smelspoarwegen is oer it algemien goedkeaper om't minder swiere konstruksjes tapast wurde kinne. Trochdat yn bochten it ferskil yn bôgestrielen fan de binnenste en bûtenste tsjillen lytser is, makket smelspoar skerpere bôgen mooglik. Hjirtroch kinne de lânskipskontoeren better folge wurde, wat in soad grûnferset, tunnels en brêgen oerstallich makket.
Om dy redenen wurd smelspoar faak brûkt yn bercheftich terrein (Switserlân), en ek tinbefolke gebieten mei in leech oanbod oan transport lykas Austraalje en grutte parten fan Afrika.
Neidielen Foar de foardielen oer stiet dat smelspoar folle minder kapasiteit biedt, sawol kwa gewicht as kwa folume. In netwurk mei ferskate spoarwiidtes easket meastal it oerstappen fan reizgers en de oerslach fan guod. Dit is foar in part foar te kommen troch útwikseling fan draaistellen by oergongen yn spoarwiidte. Ek wurde ynstelbere tsjilassen of rolweinen brûkt om it ferskil te oerbrêgjen. Elke oplossing bringt lykwols tiidferlies en kosten mei him mei.
Ferskate ôfmjittingen yn smelspoar mmFoet, inchNammeBeskriuwing 38115”De lytste spoarwiidte by in publike spoarwei dy't gjin toeristyske spoarline is, is de Romney, Hythe and Dymchurch Railway, dy't dit wrâldrekôr holden hat oant 1978. 400 Decauville fjildspoar, brûkt yn lân- en túnbou en sângroeven 500 lytste spoarwiidte tapast op smelspoarlinen yn Frankryk, Dútslân, Nederlân en Fjoerlân 597<1’ 11½” lytste spoarwiidte tapast op smelspoarlinen yn Wales; ûnder oare de Welsh Highland Railway en de Ffestiniog Railway 6001’ 11⅝” Tapast op sekundêre linen yn Frankryk, Dútslân en Ingelân. Ek de trein yn de Efteling rydt op dizze spoarwiidte. 6031’ 11¾” Tapast op de Vale of Rheidol Railway yn Wales 6102’ Eartiids in protte tapast yn de Feriene Steaten, Yndia (Darjeelingspoarwei), Súd-Afrika, en Súd-Amearika. Yn de Australyske, dielsteat Queenslân noch hieltyd yn gebrûk by it ferfier fan sûkerreid (4000 km). It wurdt ek noch tapast yn Wales. 700 Brûkt by in protte yndustryspoarlyntsjes ûnder oare yn Nederlân (stienfabriken, klaaigroeves, ensfh.). No noch ûnder oare by de Stoomtrein Katwyk-Leien. Yn Yndoneezje binne op Java noch in protte sûkerreidlinen oanwêzich mei dizze wiidte. 750 Tapast op Smalspoorlijnen yn Dútslân, hjoed de dei benammen yn de eardere DDR. Yn Nederlân oant 1957 tapast by de Gelderske Tram. Ek de Tramline Gouda - Bodegraven en de Stoomtramweg Hansweert - Vlake rieden op 750 mm-spoar. De Atjeh Tram, in eardere militêr smelspoar op Sumatra mei in lingte fan 511 km. 760 Bosnysk smelspoar Under oare tapast op smalspoarlinen yn Eastenryk en Hongarije, it eardere Joegoslaavje en Bulgarije. 7622’ 6” Tapast yn de Australyske, dielsteat Fiktoaria. En by tramlinen yn de Feriene Steaten en op Kurasao. 800 Tapast yn Switserlân by ferskate berchspoarlinen. 891 Tapast yn Sweden by smelspoarlinen benammen yn de provinsje Västra Götalands län 900 Wrâldwiid in soad tapast by yndustryspoarlinen, de Borkumer Kleinbahn en de tramnetten fan Linz en Lissabon 9143’ Atlantysk spoarTapast op de Manx Electric Railway op it eilân Man, by in protte smelspoarlinen yn Sintraal- en Súd-Amearika. Yn it ferline tapast op smelspoarlinen yn Ierlân, Kuba, en yn de Feriene Steaten. 925 Yn it ferline wie it Tramnet fan Chemnitz útfierd yn dizze breedte. 950 De standertspoarwiidte foar smalspoarlinen yn Spoarline. Under oare tapast by de spoarline fan Rome nei Pantano]]. 1000 Meterspoor Is njonken it normaalspoar de meast tapaste spoarwiidte by in soad trambedriuwen en lokaalspoarwegen, benammen op it Europeeske fêstelân. 1009 Brûkt foar fierwei it grutte part fan it tramnetwurk fan Sofia. 1050 Tapast by it spoar fan Damascus yn Syrje nei Medina yn Saûdy-Araabje 10673’ 6” Kaapspoor Under oare brûkt by spoarwegen yn Súd-Afrika, Yndoneezje, Kosta Rika, Hondoeras, Ekwador, Japan, en in tal dielsteaten yn Austraalje. It tramnetwurk fan Tallinn yn Estlân. Eartiids ek by Nederlânske trambedriuwen brûkt. 1100 Tapast op it tramnetwurk yn Rio de Janeiro yn Brazylje en Braunschweig yn Dútslân. Kiel en Lübeck hiene yn it ferline ek in tramnetwurk mei in spoarwiidte fan 1100 mm. 1151 Yn it ferline wie spoarline 59 fan Antwerpen nei Gint útfierd yn 1151 milimeter. 1200 Tapast op de Bergbahn fan Rheineck nei Walzenhausen en op in klauterspoar yn Genua. 12194’ de Metro fan Glasgow had dizze wiidte. En yn it ferline wiene guon spoarlinen yn Ingelân en Wales útfierd yn 1219 milimeter. 1250 It tramspoar dat fan 1985 oant 1998 yn it hjoeddeiske Museumpark Orientalis lei, wie 1250 milimeter. 13724’ 6” Tapast op Tramnetwurken yn Tokio en Hakodate En eartiids ek brûkt yn Skotlân 14224’ 8” Eartiids tapast op spoarlinen yn Denemark en by it tramnetwurk yn Amsterdam.
Kategory:Spoarwegen Kategory:Yntroduksje út 1556