It Nije Gat wie de slinke bûtenom De Hors, yn de tiid dat it Spanjertsgat fersâne wie, dat de Hors en fêst part fan Tessel wurden wie. Dy sitewaasje feroare mei it heger waaksen fan Unrêst, wat op it lêst makke dat it Nije Gat ek fersâne, om't Unrêst begin 20e iuw ek fêstwoeks oan Teksel. No is it Mûngat de earste ferbining súdom om Teksel, mar it is noch ûnwis of it wanneljen fan de hjoeddeiske Noarderheaks dêr ek wer in ein oan meitsje sil.

Kategory:Skiednis fan Teksel Kategory:Geografy fan Teksel