De Mongoalske miuw (Larus mongolicus) is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).
Taksonomy De soarte waard earder as in ûndersoarte fan 'e sulvermiuw, de Amerikaanske sulvermiuw of de Eastsibearyske miuw beskôge, mar resinte stúdzjes joegen oanlieding om de Mongoalske miuw as in aparte soarte te behanneljen. Genetysk ûndersyk toande oan dat de Mongoalske miuw mooglik ôfstammet fan in populaasje fan 'e Kamtsjatkamiuw of de Eastsibearyske miuw, dy't nei in eastlike, resp. súdlike útwreiding isolearre rekke. Sûnt 2024 erkenne de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen en eBird/Clements de fûgel as in aparte soarte.Wrâldfûgellist Ferzje 14.2.
Beskriuwing thumb|left|Mongoalske miuwen op 'e Baikalmar, Ruslân. De Mongoalske miuw is in middelgrutte miuw fan 56 oant 68 sintimeter mei in spanwiidte fan 137 oant 145 sintimeter. Hy liket in soad op 'e Pontyske miuw, mar is grutter en hat in follere kop en in stompere snaffel. De boppedielen binne ek donkerder mei in brede wite efterkant oan 'e wjukken en mear swart op 'e wjukpunt. Yn ferlikening mei de Eastsibearyske miuw hat it winterkleed fan 'e Mongoalske miuw ûnder oaren in minder streke kop.
Fersprieding De Mongoalske miuw briedt fan it súdeastlike Altai-berchtme oant de Baikalmar, Mongoalje, noardeastlik Sina en Koreä. De fûgel oerwinteret benammen oan 'e kust fan East-Aazje fan Japan en Hongkong oant Taiwan en ek yn it binnenlân oan 'e Jangtse.
Status De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) hat de bedrigingsstatus fan 'e soarte noch net beöardiele, om't dy de fûgel noch net erkend as in aparte soarte.
Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See