thumb|Utsjoch oer it Aailânske Gat, fan Teksel ôf sjoen It Aailânske Gat (Eierlandse Gat) is it seegat tusken Teksel en Flylân. Op it smelst is it seegat sa'n 2km wiid, en op syn djipst sa'n 20m. It rint fan de Aailânske Grûnen yn de Noardsee yn twa slinken - oan de noardkante it Ingelskman Gat en oan de súdkante it Robbegat.

It wetter ûntstie yn de 13e iuw tusken it hjoeddeiske Flylân en it Aailân, dêr't it lêste in selsstannich eilân by waard.

Kategory:Seestrjitte yn Nederlân Kategory:Waadsee Kategory:Geografy fan Teksel Kategory:Geografy fan Flylân