De Amerikaanske sulvermiuw (Larus smithsonianus) is in fûgelsoarte yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Beskriuwing thumb|left|De fûgel yn winterdracht. In folwoeksen Amerikaanske miuw hat in lingte fan 53 oant 65 sm en in spanwiidte fan 120 oant 150 sm. Oer it algemien liket de fûgel in hiel soad op 'e gewoane sulvermiuw en oant net lang lyn waard de fûgel ta deselde soarte rekkene.

Yn it briedkleed binne de kop, hals en ûnderkant suver wyt. De iris is ljocht, de orbitale ring oranjegiel lykas ek de snaffel, dy't in read plak hat. Se ha lykas de sulvermiuw in grize mantel, rôze poaten en likernôch itselde formaat.

Jonge fûgels dogge der fjouwer jier oer om in folslein folwoeksen fearrekleed te berikken. Yn dy tiid geane se troch ferskate fearrestadia en kinne se tige fariabel fan uterlik wêze. Se bine lykwols dúdlik oars mei harren donkerder fearren en hielendal swarte sturt. De kop en siden fan it lichem binne mear effen donkerbrún en net sa strekerich lykas by jonge sulvermiuwen. De rop is fergelykber mei dy fan 'e sulvermiuw, mar rapper en helderder.

Taksonomy Genetysk ûndersyk wiisde út dat de Amerikaanske sulvermiuw mear besibbe is mei de Amerikaanske miuwesoarten lykas de grutte sjouwerman (Larus hyperboreus), de lytse sjouwerman (Larus glaucoides) en de prêrjemiuw (Larus californicus) as mei de gewoane sulvermiuw.

Fersprieding thumb|left|Jonge fûgel. De Amerikaanske sulvermiuw wurdt yn Noard-Amearika fan sintraal Alaska oant Newfoundland en de Grutte Marren oantroffen. It is in seldsume dwaalgast yn Jeropa, mei meldingen yn Noarwegen, Denemark, Frankryk, Grut-Brittanje, Ierlân, Spanje, Portegal, Nederlân en Poalen.

Fûgels binne it hiele jier oanwêzich yn súdlik Alaska, de Grutte Marren en it noardeasten fan 'e Feriene Steaten, mar de measte fûgels oerwinterje súdlik fan it briedgebiet oant yn Meksiko, mei lytse oantallen dy't Hawaï, Midden-Amearika en de West-Yndyske Eilannen berikke

Status De soarte waard frij seldsum yn 'e 19e iuw doe't der op jage waard foar de aaien en fearren. Sûnt de jierren 1930 oant de jierren 1960 namen de oantallen rap ta troch beskerming tsjin jacht, mear ôfeart fan fiskerij om fan te fretten en minder konkurrinsje fan oare jagers op lytse fisken en ynvertebraten, om't minsken konkurrinten lykas grutte fisken en walfisken weifisken en op seehûnen jagen. De groei flakke yn 'e jierren 1970 ôf.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt tocht dat de oantallen ôfnimme, mar net sa bot dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2018). De wrâldwide populaasje wurdt op 430.000–520.000 fûgels rûsd. De IUCN nimt lykwols de Eastsibearyske miuw en de Mongoalske miuw yn 'e beoardieling op.

Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen