De kelpmiuw (Larus dominicanus) is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken thumb|left|Kelpmiuw yn Nij-Seelân. Kelpmiuwen wurde 54 oant 65 sm lang en ha in spanwiidte fan 128 oant 142 sm. Se weage 0,9 oant 1,3 kg. De kelpmiuw hat in soad fan 'e lytse sjouwerman (Larus fuscus), mar hat gjin grize mar giele poaten en de bou is wat swierder. Ek is syn snaffel foarser.
Fersprieding Meiïnoar binne der fiif erkende ûndersoarten mei de foljende fersprieding:
Larus dominicanus dominicanus: Súd-Amearika, de Falklâneilannen, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, Austraalje en Nij-Seelân. Larus dominicanus vetula: súdlik Afrika en oan 'e westkust fan Afrika oant Senegal. Larus dominicanus judithae: de subantarktyske eilannen fan 'e Yndyske Oseaan. Larus dominicanus melisandae: súdlik en súdwestlik Madagaskar. Larus dominicanus austrinus: Antarktika en de Antarktyske eilannen.
De kelpmiuw briedt oan 'e kusten en eilannen fan it súdlik healrûn. Bûten it briedseizoen is de Afrikaanske ûndersoarte beheind ta kustgebieten. Earne oars, benammen yn Súd-Amearika, komt de fûgel ek faak op grutte marren, oan rivieren, op greiden en binnenlân foar. Yn Nij-Seelân wurdt de fûgel sels fûn by berchmarren.
Briedgedrach It wyfke leit twa of trije aaien en beide âlden fuorje de jongen.
Status De wrâldpopulaasje waard op 3,3 oant 4,3 miljoen fûgels yn 2012 rûsd. Der wurdt tocht dat de soarte yn oantallen tanimt. Dêrfandinne wurdt de kelpmiuw as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Antarktika Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Bouvet Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Heard en de McDonaldeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen Kategory:Lânseigen fauna yn Macquarie