John Nichols (folút: John Treadwell Nichols; Berkeley (Kalifornje), 23 july 1940 – Taos (Nij-Meksiko), 27 novimber 2023) wie in Amerikaansk skriuwer fan romans, essays en non-fiksjewurken. Hy waard it bekendst fan 'e roman The Milagro Beanfield War út 1974, it earste diel fan syn New Mexico Trilogy. Dat boek waard letter troch Robert Redford ferfilme. Nichols wie njonken syn skriuwerskip ek in fotograaf. Fierders wied er jierrenlang aktyf as polityk aktivist foar in wiid ferskaat fan progressive kwestjes en letter fral foar it miljeu.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding John Nichols waard yn 1940 berne yn Berkeley, in stêd ûnder de reek fan San Francisco yn Noardlik Kalifornje, dy't bekend stiet om syn politike en sosjale progressivens. Hy wie fan mingd Ingelsk, Frânsk en Bretonsk etnysk komôf. Ien fan syn pakes wie de Amerikaanske ichtyolooch John Treadwell Nichols (1883–1958), en in neef fan him wie William Weld (b. 1945), in foaroansteande politikus út Massachusetts. Syn mem Monique le Braz, dy't ferstoar doe't er noch mar in pjut fan twa jier wie, kaam út Frankryk, mar hie it meastepart fan har jonkheid yn Spanje trochbrocht. Fia har wie Nichols de oerpakesizzer fan 'e Bretonske dichter, skriuwer, folklorist, letterkundige en oersetter Anatole Le Braz (1859–1926). Nichols ferhuze gauris as bern en studearre yn 1962 ôf oan it Hamilton Kolleezje yn New York.
Skriuwkarriêre Nei syn ôfstudearjen sette Nichols nei Spanje ta, dêr't er in skoft by syn beppe oan memmekant wenne. Hy skreau dêr syn earste roman, The Sterile Cuckoo, dy't yn 1965 publisearre waard. Mids 1960-er jierren wenne er in hoart yn Gûatemala. Sawol Spanje as Gûatemala wiene yn dy tiid faksistyske diktatueren. De tiid dy't er dêr trochbrocht wie fan grutte ynfloed op 'e ûntjouwing fan 'e politike oriïntaasje fan Nichols, dy't progressyf wie. Neffens in op syn libben weromsjende nekrology fan it parseburo AP út 2023 beklamme er yn syn wurk it ferlet fan maatskiplike rjochtfeardichheid. Yn itselde stikje waard in boektitel fan NIchols oanhelle wêryn't er himsels omskreau as in "befrijingsekolooch".
Nichols kearde ein jierren sechstich werom nei de Feriene Steaten en wenne koart yn 'e buert SoHo, yn Manhattan, foar't er yn 1969 delstriek yn Taos, yn it noarden fan Nij-Meksiko. Dêr fûn er foargoed in thús, en mei't er Spaansk spriek, rekke er der meitiid folslein ynboargere, oars as oare blanke Amerikanen dy't har dêr nei wenjen setten. Nichols kaam te hâlden fan 'e regionale kultuer fan 'e Spaansktalige plattelânsbefolking, dy't er neitiid ferivigje soe yn ferskate romans en non-fiksjewurken.
Nichols syn magnum opus wie syn New Mexico Trilogy, in romantrilogy oer de komplekse ûnderlinge relaasjes fan skiednis, ras, etnisiteit, taal, grûnbesit en wetterrjochten yn 'e lânsdouwe dêr't er kommen wie te wenjen. De boeken spylje yn 'e fiktive plakken Milagro, Doña Luz en Chamisaville. It earste diel, The Milagro Beanfield War, út 1974, is fierwei it bekendst, foar in diel om't Hollywoodstjer Robert Redford it yn 1988 ûnder deselde titel ferfilme. It twadde diel, The Magic Journey, waard yn 1978 publisearre, en it ôfslutende diel, The Nirvana Blues, folge yn 1981.
Twa oare romans fan Nichols waarden ek ferfilmings fan makke. Syn debútroman The Sterile Cuckoo waard yn 1969 ûnder deselde titel ferfilme troch Alan J. Pakula, wylst The Wizard of Loneliness, út 1966, yn 1988 ek ûnder deselde titel ferfilme waard troch Jenny Bowen. Nichols wie ek behelle yn it skriuwen fan it mei in Oscar bekroande senario fan 'e film Missing, fan Costa-Gravas út 1982. Troch in beslissing fan it Writers Guild of America, it ynfloedrike Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers, dat sizzenskip oer sokke saken hat, krige hy dêrfoar lykwols gjin fermelding op 'e ôftiteling.
Nichols skreau ek gâns non-fiksjeboeken, wêrûnder in trilogy oer noardlik Nij-Meksiko, besteande út 'e dielen If Mountains Die (1979), The Last Beautiful Days of Autumn (1982) en On the Mesa (1986). Syn lêste boek wie in autobiografy mei as titel: I Got Mine: Confessions of a Midlist Writer, dy't in jier foar syn dea ferskynde.
Fotografy Nichols wie ek fotograaf. In protte fan syn foto's waarden opnommen yn syn non-fiksjewurken, yn 't bysûnder yn On the Mesa. Hy naam as ynstrukteur diel oan workshops op it mêd fan fotografy, û.o. yn 'e mande mei de foaroansteande fotograaf Ray McSavaney út Los Angeles.
Priveelibben Nichols troude trijeris, mar al syn houliken einigen yn skiedings. Hy hie twa bern út syn earste houlik. Hy wie jierrenlang aktyf as aktivist, earst foar progressive politike kwestjes, mar yn syn lettere libben, fan 'e 1990-er jierren ôf, benammen foar it miljeu en as natoerbeskermer.
Hy wie it ûnderwerp fan in dokumintêre fan spylfilmlingte dy't makke waard troch Kurt Jacobsen en Warren Leming, mei as titel The Milagro Man: The Irrepressible Multicultural Life and Literary Times of John Nichols ("De Milagro-man: It Unbetwingbere Multykulturele Libben en Literêre Tiidrek fan John Nichols"). De dokumintêre gie yn 2012 op it Filmfestival fan Albuquerque te Albuquerque yn premiêre en waard dat jiers ek fertoand op in stikmannich oare filmfestivals yn 'e Feriene Steaten.
Ferstjerren John Nichols kaam op 27 novimber 2023 thús yn Taos te ferstjerren oan in hertoanfal. Hy waard 83 jier.
Wurk Romans 1965 – The Sterile Cuckoo 1966 – The Wizard of Loneliness New Mexico Trilogy 1974 – The Milagro Beanfield War 1978 – The Magic Journey 1981 – The Nirvana Blues 1979 – A Ghost in the Music 1987 – American Blood 1992 – An Elegy for September 1994 – Conjugal Bliss: A Comedy of Martial Arts 2001 – The Voice of the Butterfly 2007 – The Empanada Brotherhood 2012 – On Top of Spoon Mountain 2016 – The Annual Big Arsenic Fishing Contest! 2019 – Goodbye, Monique
Non-fiksje Nichols' nammeleaze non-fiksjetrilogy 1979 – If Mountains Die: A New Mexico Memoir (mei foto's fan William Davis) 1982 – The Last Beautiful Days of Autumn 1986 – On the Mesa 1987 – A Fragile Beauty: John Nichols' Milagro Country 1992 – Keep It Simple: A Defense of the Earth 2000 – Dancing on the Stones: Selected Essays 2001 – An American Child Supreme: The Education of a Liberation Ecologist 2022 – I Got Mine: Confessions of a Midlist Writer
Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Amerikaansk fotograaf Kategory:Amerikaansk polityk aktivist Kategory:Amerikaansk miljeu-aktivist Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Bretonsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2023