De Eastsibearyske miuw (Larus vegae), ek wol de Vegamiuw, is in grutte miuw út Noardeast-Aazje. De klassifikaasje fan 'e soarte is noch jimmeroan in kwestje fan strideraasje en ûnwis. De fûgel wurdt as aparte soarte behannele, mar ek as ûndersoarte fan 'e Amerikaanske sulvermiuw (Larus smithsonianus) en de Europeeske sulvermiuw (Larus argentatus). Earder waard de Mongoalske miuw (Larus mongolicus) as ûndersoarte fan 'e Eastsibearyske miuw beskôge. De fûgel waard yn 1887 beskreaun mei eksimplaren dy't yn 'e jierren 1878–1880 sammele waarden op it Sweedske skip SS Vega.

Beskriuwing De soarte liket in soad op 'e sulvermiuw, mar is op 'e boppekant minder ljochtgriis. Winterdeis is de kop wyt mei in soad brune streken en fral ek op 'e rêch en siden fan 'e nekke, sadat in kraach ûntstiet. Se kinne wurde maklik mei de Kamtsjatkamiuw betize, mar de Eastsibearyske miuw is ljochter oan 'e boppekant. De poaten binne meastentiids rôze, wylst de snaffel giel is mei in read plak. De eachkleur fariëarret, mar is meast donker mei in reade orbitale ring. Fûgels yn it noardwestlike diel fan it ferspriedingsgebiet binne bleker oan 'e boppekant en wurde somtiden as birulai ûnderskieden as in aparte ûndersoarte.

thumb|left|Fûgels yn it twadde winterkleed. It duorret fjouwer jier foardat ûnfolwoeksen fûgels it wite en grize fearrekleed fan folwoeksen fûgels krije. Foar dy tiid binne se brún en wytbûnt. It earste en twadde winterkleed fan 'e Eastsibearyske miuw is donkerder as dat fan 'e Mongoalske miuw, benammen op 'e kroan. De snaffel is hast hielendal donkergriis of swart.

Fersprieding De soarte briedt yn noardeastlik Sibearje en migrearret nei it suden om te oerwinterjen yn Japan, Koreä, eastlik Sina en Taiwan. Se wurde ek regelmjittich op St. Lawrence Island en Nome, Alaska sjoen en kinne dêr briede. Der binne ek meldingen út oare dielen fan westlik Alaska en in pear fotodokumintearre meldingen út Washington en Kalifornje. Yn har winterferspriedingsgebiet wurde se faak waarnommen yn havens, op rotsige kusten en by riviermûningen.

Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä