De ringbekmiuw (Larus delawarensis) is in fûgelsoarte yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).

Skaaimerken thumb|left|Kop fan 'e ringbekmiuw yn winterkleed. De ringbekmiuw hat in soad fan in sulvermiuw, mar is wat grutter, swierder en hat in dikkere snaffel. Hy wurdt 41–49 sm lang en hat in spanwiidte fan 112–124 sm. De fûgel weaget tusken de 400 en 590 gram. De westlike populaasje is grutter as de eastlike populaasje.

Folwoeksen ringbekmiuwen ha simmerdeis in wite kop, nekke en ûnderliif. De rêch en wjukken binne sulvergriis en de poaten binne giel. De giele snaffel hat in dúdlike swarte bân oer de ljochtgiele punt fan 'e snaffel. De ringbekmiuw hat in giel iris mei in reade eachring.

De ringbekmiuw kriget pas nei trije jier syn folwoeksen dracht en hat as juvenyl in foar in grut part brún fearrekleed. Mei it ferfearjen feroaret it fearrekleed.

Ringbekmiuwen wurde as se folwoeksen wurde trochstrings likernôch alve jier âld.

Fersprieding It briedgebiet fan 'e soarte leit by marren, rivieren en de kust fan it grutste part fan Kanada en it noarden fan 'e Feriene Steaten. Ringbekmiuwen binne faak te sjen op parkearplakken, dêr't se faak yn grutte oantallen by inoar komme. It binne trekfûgels, dy't nei it suden nei de Golf fan Meksiko en de kusten fan 'e Atlantyske- en Stille Oseaan fan 'e Feriene Steaten en noardlik Meksiko migrearje. Guon bliuwe lykwols yn Kanada yn 'e gebieten mei de minst strange wintertemperatueren yn súdwest Britsk-Kolumbia en oan 'e Atlantyske kust yn Nova Scotia.

Hâlden en dragen Ringbekmiuwen foerazjearje yn 'e flecht of helje proaien op by it swimmen of rinnen. Se stelle ek iten fan oare fûgels en frette ek ies. It binne opportunistyske omnivoaren en se passe it dieet oan as dat sa útkomt. Se skarrelje ek by ôfeart en binne brutaal genôch om iten fan minsken op in ûnbewekke stuit te stellen. thumb|250px|Fûgel yn briedkleed. Lykas oare soarten fan it skaai briede se yn koloanjes op 'e grûn, faak op eilannen, mar ek hieltyd faker op platte fabryksdakken. De fûgel is meastentiids trou oan syn nêstplak en is monogaam.

Status Tsjin de ein fan 'e 19e iuw waard der op 'e fûgel jage foar de fearren. De populaasje is sûnt wer groeid en hjoed-de-dei is it de meast gewoane miuw fan Noard-Amearika. De populaasje waard yn 2006 op 2,55 miljoen fûgels rûsd. Yn 2021 waard lykwols yn in stúdzje in oantal fan 1,2 miljard fûgels rûsd, sadat it ien fan 'e talrykste fûgels fan 'e wrâld is. De fûgel wurdt as net bedrige (Least Concern, ) op 'e Reade list fan 'e IUCN klassifisearre.

Kategory:Miuw Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen