Charles Gustave Léonce Coste (Ollioules, 8 febrewaris 1924 - 30 oktober 2025) wie in Frânsk hurdfytser en Olympysk kampioen.

Hy die yn 1948 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen hy kaam út op de baan, hy waard yn Londen Olympysk kampioen op de Efterfolging mei Serge Blusson, Pierre Adam en Fernand Decanali. Nei de spullen waard er prof op de dyk en ried twa kear de Omgong fan Frankryk en die fjouwer kear mei oan de Omgong fan Itaalje. Coste einige yn de Omgong fan Itaalje fan 1958 as lêste. Hy hold yn 1959 op mei hurdfytsen.

Op syn hûndertste jierdei, yn 2024, waard bekend makke dat Coste de olympyske fakkel drage mocht by de iepeningsseremoanje fan de Olympyske Simmerspullen 2024 yn Parys. Hy wie op dat stuit de âldste noch libjende manlike olympysk kampioen.

Charles Coste ferstoar op 30 oktober 2025, yn 'e âldens fan 101 jier. As âldste noch libjende Olympiër mei goud wurdt hy opfolge troch Nikita Simonjan, Armeensk fuotballer dy't yn Melbourne goud wûn mei de Sovjet-Uny.

Dielname oan grutte omgongen Dielname oan de Omgong fan Frankryk 1952 - net finisht; 1956 - net finisht;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje 1953 - net finisht; 1956 - 40ste; 1957 - 72ste; 1958 - 77ste;

Ploegen 1949-1951 - Peugeot-Dunlop 1952-1954 - Dunlop 1955-1958 - Hutchinson 1959 - Peugeot-BP-Dunlop

Kategory:Frânsk baanhurdfytser Kategory:Frânsk hurdfytser Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Oksitaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2025