Joseph Jules Thomas (Joost) Prinsen (Vught, 9 juny 1942 - 3 novimber 2025) wie in Nederlânsk akteur, presintator, sjonger en skriuwer.

Libbensrin Joost Prinsen wie in soan fan boargemaster Claudius Prinsen dy't yn 1952 ferstoar. Hy groeide op mei syn mem, fjouwer susters en in broer. Nei it Stedsk Gymnasium De Bosk, wêrfan't seis jier op it ynternaat fan it Biskoplik Kolleezje yn Weart, folge Prinsen de oplieding oan de Toanielskoalle yn Amsterdam.

Grutte bekendheid geniete er mei syn tf-optredens yn searjes as De Stratemakeropzeeshow, De Zevensprong, Peter en de vliegende autobus, De Legende van de Bokkerijders, J.J. De Bom voorheen De Kindervriend en Otje. Jierrenlang wie er te sjen yn Het Klokhuis, presintearre oant 2015 de mei troch him betochte tf-kwis Met het mes op Tafel. Yn 2015 liet Prinsen, fanwegen sykte fan syn frou, it presintearjen fan it kwisprogramma Met het mes op Tafel nei goed fjouwerhûndert ôfleveringen oer oan Herman van der Zandt.

Syn frou Emma ferstoar yn 2020 nei in houlik fan 46 jier. Tegearre hiene se twa adoptearre dochters. Prinsen fûn yn 2021 in nije leafde by Noraly Beyer, earder nijslêzeres. Dy relaasje hold stân oant syn ferstjerren. Joost Prinsen ferstoar op 3 novimber 2025, yn 'e âldens fan 83 jier, oan de gefolgen fan blaaskanker.

Bibliografy 2007: De scharrelaar (L.J. Veen) 2008: Een goede speler is niet eerlijk (Atlas) 2020: Mijn vrouw pikt zeepjes (Nijgh & Van Ditmar) 2021: Na Emma, ferslach fan de tolve moannen nei de dea fan syn frou (Nijgh & Van Ditmar) 2023: Een bevoorrecht mens (Nijgh & Van Ditmar)

Kategory:Persoan berne yn 1942 Kategory:Persoan stoarn yn 2025 Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk sjonger