De stêd Sevan (Armeensk: Սևան) leit yn it eastlike diel fan Armeenje yn 'e provinsje Gegharkûnik oan 'e Sevanmar, ien fan 'e grutste en heechstlizzende berchmarren fan 'e wrâld.
De stêd leit likernôch 1.925 meter boppe seenivo op likernôch 65 km noardeastlik fan Jerevan.
Eastlik Armeenje waard yn 1828 ûnderdiel fan it Russyske Keizerryk. Yn 1842 stiften Russyske âldleauwigen yn it gebiet it doarpke Jelenovka om sa oan ferfolging yn eigen lân te ûntkommen. Oant de ein fan 'e 19e iuw bleau Jelenovka in Russysk plak. Nei de Earste Wrâldkriich waard it plak yn 1918 ûnderdiel fan it ûnôfhinklike Armeenje oant yn 1920, doe't Armeenje ûnderdiel waard fan 'e Sovjet-Uny. Yn 1930 waard Jelenovka it sintrum fan 'e stifte Sevan-rajon fan 'e Armeenske SRR en yn 1935 krige it plak de hjoeddeiske namme Sevan, nei de mar dêr't it plak oan leit. thumb|left|Sevanavank. Tichtby leit it ferneamde Sevanavank, in kleaster dat yn 'e 9e iuw stifte waard troch prinses Mariam, de dochter fan kening Ashot I. It is ien fan 'e bekendste toeristyske lokaasjes fan Armeenje, mei útsjoch oer de mar en de bergen.
Sevan libbet foar in grut part fan toerisme (benammen simmerdeis), fiskerij, en hout- en fiedselferwurking. It klimaat is drûch, mei snie yn 'e winter en waarme simmers mei in soad sinne.
Kategory:Plak yn Armeenje Kategory:Plak stifte yn 1842