De breedbekwever (Amblyospiza albifrons) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae) en de iennige soarte fan it monotypyske skaai Amblyospiza.

Skaaimerken thumb|left|Mantsje en wyfke. De breedbekwever is in middelgrutte wever fan likernôch 17 sm lang en 30 gram. De soart falt ûnder de oare weverfûgels op troch in massive, swiere snaffel. It mantsje hat in wite foarholle, in swartbrune rêch, brune wjukken mei in wite plakje, in wite kiel en búk, donkere readbrune eagen en donkere poatsjes. Wyfkes ha in bleker fearrekleed, mar deselde tekening. Beide skaaien hawwe in grutte, swiere kop en in stevige sturt, mar it mantsje hat in swarte en it wyfke in gielige snaffel.

Fersprieding Breedbekwevers ha in soad ferskillende ferspriedingsgebieten yn it westen, easten en suden fan Afrika. De fûgel libbet yn sompen, heechlannen, keunstmjittige wiete gebieten en sels yn bewenne gebieten. Yn 'e briedtiid libbet de fûgel yn rûge sompen mei reid en dêrbûten is de soarte ek oan boskrânen en oare fochtige omjouwings te sjen.

Der wurde tsien ûndersoarten erkend:

Amblyospiza albifrons capitalba (Bonaparte, 1850) – ferspraat fan súdeastlik Guinee oant súdlik Sintraal Afrikaanske Republyk en noardwestlik Angoala. Amblyospiza albifrons saturata (Sharpe, 1908) – súdlik Nigearia oant noardwesten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo. Amblyospiza albifrons melanota (Heuglin, 1863) – Súd-Sûdan, Súd-Etioopje troch de Riftdelling en oanbuorjende leechlannen nei it noardwesten fan Tanzania. Amblyospiza albifrons montana (Van Someren, 1921) – Keniaanske en Tanzaniaanske binnenlannen, súdeastlik Demokratysk Republyk Kongo oant Malawy en it Okavangobekken Amblyospiza albifrons unicolor (G.A.Fischer & Reichenow, 1878) – Eastlike kusten fan súdlik Somaalje oant Zanzibar en Pemba. Amblyospiza albifrons tandae (Bannerman, 1921) – noardwestlik Angoala en it meast westlike diel fan 'e Demokratyske Republyk Kongo. Amblyospiza albifrons kasaica (Schouteden, 1953) – súdeastlik Demokratysk Republyk Kongo. Amblyospiza albifrons maxima (Roberts, 1932) – súdeastlik Angoala, noardeastlik Namybje, westlik Sambia, noardlik Botswana, it meast noardwesten fan Simbabwe. Amblyospiza albifrons woltersi (Clancey, 1956) – eastlik Simbabwe, súdlik Mozambyk, noardeastlik en eastlik Súd-Afrika. Amblyospiza albifrons albifrons (Vigors, 1831) – eastlik Simbabwe en sintraal Mozambyk, súdlik nei Súd-Afrika.

Hâlden en dragen thumb|left|Briedend pearke. Breedbekwevers binne sosjale fûgels, dy't meast yn lytse koloanjes briede. Se ite fral gerssied en nuten, dy't se mei de krêftige snaffel út de fruchten plúzje. Se binne faak op 'e grûn te sjen of yn de fochtige omjouwings dêr't se foerazjearje.

De nêsten fan 'e breedbekwever binne kompakt en bolfoarmich, makke fan tin reid of gers en ophongen tusken reidstâlen. It nêst hat ynearsten twa yngongen, mar as it wyfke begjint te brieden wurdt ien yngong ôfsletten. It wyfke leit trije ljochtrôze aaikes mei readbrune plakjes, dy't yn 14 oant 16 dagen útbret wurde. De jongen wurde fuorre troch it wyfke, somtiden ek it mantsje. Nei 18 oant 20 dagen fleane jongen út.

Status De breedbekwever wurdt troch de IUCN yn 'e kategory net bedrige (Least Concern, 2018) set. Der binne gjin grutte bedrigingen foar de stabile populaasje en de soarte komt foar yn in grut ferspriedingsgebiet.

Kategory:Breedbekwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe