De echte krie-eftigen of echte kraai-eftigen (wittenskiplike namme: Corvoidea) foarmje in boppefamylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri) en it tuskenskift fan 'e krie-eftigen (Corvides). Ta dizze kloft hearre 418 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 10 famyljes. Dêrûnder binne bgl. de kriefûgels (Corvidae), wêrfan't in protte soarten yn Jeropa foarkomme, mar ek de tige eksoatysk klinkende paradysfûgels (Paradisaeidae) út 'e tropen fan Nij-Guineä en oanbuorjende gebieten.
Taksonomy De echte krie-eftigen waarden as taksonomyske yndieling yn 1990 yntrodusearre troch de Amerikaanske ornitologen Charles Gald Sibley en Jon Edward Ahlquist yn harren baanbrekkende wurk Phylogeny and Classification of Birds: A Study in Molecular Evolution.
Klassifikaasje
boppefamylje echte krie-eftigen (Corvoidea) famylje drongofûgels (Dicruridae) - 28 soarten famylje ifritafûgels (Ifritidae) - 1 soarte famylje kriefûgels (Corvidae) - 139 soarten famylje Maleiske toefgaaifûgels (Platylophidae) - 1 soarte famylje monarchfûgels (Monarchidae) - 107 libbene en 4 resint útstoarne soarten famylje paradysfûgels (Paradisaeidae) - 45 soarten famylje paradyspittafûgels (Melampittidae) - 2 soarten famylje skateksterfûgels of wurgerfûgels (Laniidae) - 34 soarten famylje slyknêstkriefûgels (Corcoracidae) - 2 soarten famylje waaiersturtfûgels (Rhipiduridae) - 55 soarten
Kategory:Moskeftige