De wytkopbuffelwever (Dinemellia dinemelli) is in sjongfûgel yn it monotypyske skaai wytkopbuffelwevers (Dinemellia) út de famylje weverfûgels (Ploceidae). It is de iennige soarte yn it skaai Anaplectes.

Skaaimerken Wytkopbuffelwevers wurde 17 oant 19 sm lang en weage 57 oant 85 gram. De fûgel hat in wite kop en wite ûnderkant en in oranje stút en oranje ûndersturtdekfearren. Op 'e iepen wjukken binne wite bannen te sjen.

Mantsjes en wyfkes ha in selde fearrekleed en binne dreech fan inoar te ûnderskieden. De snaffel is koanysk en swart.

Fersprieding De fûgel wurdt yn twa ûndersoarten ferdield en libbet fral op savanne's en drûge lânskippen mei strewellen en akasiastrûken yn 'e hoarn fan Afrika, Uganda, Kenia, Sûdan en Tanzania:

ôfbyld ûndersoarteSubspecies fersprieding120pxD. d. dinemelli (E. Rüppell, 1845) noardlik ferspriedingsgebiet: Sûdan, Etioopje, Somaalje, Uganda, noardlik Kenia.120pxD. d. boehmi (A. Reichenow, 1885) súdlik ferspriedingsgebiet: Kenia en Tanzania.

D. d. dinemelli hat brune kleuren op de plakken dêr't de D. d. boehmi swarter is.

Hâlden en dragen De wyfkopbuffelwever libbet yn lytse groepkes, fakentiden tegearre mei glânsprotters. Se foerazjearje meast op 'e grûn en bouwe de nêsten yn losse koloanjes yn toarnige beammen. De tagong fan in nêst sit oan 'e ûnderkant.

Status De IUCN klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least concern, 2024) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is.

Kategory:Wytkopbuffelwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda