De krie-eftigen of kraai-eftigen (wittenskiplike namme: Corvides) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes) en it ûnderskift fan 'e sjongfûgels (Passeri). Ta dizze kloft hearre 871 soarten (teljier: 2025), ferdield oer 30 famyljes. Dêrûnder binne groepen dy't yn Jeropa bekend binne, lykas de kriefûgels (Corvidae), de skateksterfûgels (Laniidae) en de gielegoufûgels (Oriolidae), mar ek tige eksoatyske kloften dy't yn harren fersprieding beheind binne ta de tropen, lykas de paradysfûgels (Paradisaeidae).

Taksonomy De krie-eftigen waarden as taksonomyske yndieling yn 2014 yntrodusearre troch de Amerikaanske ornitolooch en paleöntolooch Joel Cracraft. De evolúsjonêre ûntjouwing, de biogeografy, it hâlden en dragen, de ekology en de morfology fan dizze fûgelkloft is yngeand bestudearre. De earste krie-eftigen lykje har op in eilân ûntwikkele te hawwen. Dêrwei hawwe se har letter ferspraat oer alle wrâlddielen, útsein Antarktika.

Klassifikaasje

tuskenskift krie-eftigen (Corvides) boppefamylje beamrinnereftigen (Neosittoidea) famylje beamrinnerfûgels (Neosittidae) - 3 soarten boppefamylje kwartellystereftigen (Cinclosomatoidea) famylje kwartellysters en juwielbabbelders (Cinclosomatidae) - 11 of 12 soarten boppefamylje rûpfûgeleftigen (Campephagoidea) famylje rûpfûgels (Campephagidae) - 93 soarten boppefamylje wytkopeftigen (Mohouoidea) famylje wytkopfûgels (Mohouidae) - 3 soarten boppefamylje boskskatekstereftigen (Malaconotoidea) famylje boatsnaffelfûgels (Machaerirhynchidae) - 2 soarten famylje Borneoboarstelkopfûgels (Pityriaseidae) - 1 soarte famylje boskskateksters, tsjagra's en fiskalen (Malaconotidae) - 50 soarten famylje fangafûgels (Vangidae) - 40 soarten famylje ioarafûgels (Aegithinidae) - 4 soarten famylje lelmiggesnapperfûgels (Platysteiridae) - 32 soarten famylje skobde groukopfûgels (Rhagalogidae) - 1 soarte famylje spitsfûgels en oargelfûgels (Artamidae) - 24 soarten boppefamylje echte krie-eftigen (Corvoidea) famylje drongofûgels (Dicruridae) - 28 soarten famylje ifritafûgels (Ifritidae) - 1 soarte famylje kriefûgels (Corvidae) - 139 soarten famylje Maleiske toefgaaifûgels (Platylophidae) - 1 soarte famylje monarchfûgels (Monarchidae) - 107 libbene en 4 resint útstoarne soarten famylje paradysfûgels (Paradisaeidae) - 45 soarten famylje paradyspittafûgels (Melampittidae) - 2 soarten famylje skateksterfûgels of wurgerfûgels (Laniidae) - 34 soarten famylje slyknêstkriefûgels (Corcoracidae) - 2 soarten famylje waaiersturtfûgels (Rhipiduridae) - 55 soarten boppefamylje gielegou-eftigen (Orioloidea) famylje beiepikkerfûgels (Paramythiidae) - 3 soarten famylje fireofûgels (Vireonidae) - 62 soarten famylje gielegoufûgels (Oriolidae) - 41 soarten famylje groukoppen en fluiters (Pachycephalidae) - 69 soarten famylje harlekyngroukopfûgels (Falcunculidae) - 3 soarten famylje lelgroukopfûgels (Eulacestomatidae) - 1 soarte famylje oreoikafûgels (Oreoicidae) - 3 soarten famylje swypfluiterfûgels (Psophodidae) - 6 soarten

Kategory:Moskeftige