De kurténloaihoarskat of Kurténs loaihoarskat (wittenskiplike namme: Prionaulurus kurteni) is in útstoarn sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus). Dit bist kaam yn it Mid-Pleistoseen foar yn Sina.
Taksonomy De kurténloaihoarskat waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 2024 troch de paleöntologen Jiangzuo Qigao, Lars Werdelin, Zhang Kai, Tong Haowen, Yan Yi, Chen Yiying, Ma Jiao, Liu Jinyi en Wu Xiujie. Hja basearren harren dêrby op ien inkeld spesimen besteande út in diel fan in ûnderkaak mei in tosk en in kies. Dat fossyl waard oantroffen yn 'e Hualongdong-grot yn 'e Sineeske provinsje Anhui. De grûnlaach dêr't it yn siet, datearre fan it Mid-Pleistoseen. Dat betsjut dat dit bist dêr likernôch 1.250.000 jier lyn foarkaam.
De beskriuwers ornearren dat it nije bist ta it skaai fan 'e loaihoarskatten (Prionailurus) hearde. Hja joegen it de wittenskiplike namme Prionailurus kurteni, wêrfan't it soartspesifike diel it wurk earet fan 'e Finske paleöntolooch Björn Kurtén.
Beskriuwing It holotype fan 'e kurténloaihoarskat bestiet út in diel fan in ûnderkaak mei de fjirde premolaar en de earste molaar (kies) der noch yn. It gehiel is tige lyts.
De kurténloaihoarskat wurdt op basis fan dat fossyl beskreaun as in tige lytse kateftige, dy't yn grutte nei alle gedachten ferlykber west hawwe moat mei de hjoeddeistige roastkat (Prionailurus rubiginosa) út Súd-Aazje en de swartpoatkat (Felis nigripes) út Súdlik Afrika. De kop-romplingte fan dy soarten bedraacht maksimaal 48 sm, resp. 52 sm.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Loaihoarskat Kategory:Bist útstoarn yn it Pleistoseen Kategory:Fossyl sûchdier Kategory:Fossyl yn Sina