De readkopwever (Anaplectes rubriceps) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae). It is de iennige soarte yn it skaai Anaplectes.
Beskriuwing De readkopwever is in middelgrutte weverfûgel fan 12 oant 15 sm mei in stevige snaffel en in koarte sturt en it is de iennige weverfûgel mei in oranjereade snaffel. It briedende mantsje kin der geografysk ferskillend út sjen, mar se ha allegear in opfallende fjoerreade kop. Net-briedende mantsjes en wyfkes ha meast gielige en oliifeftige kleuren mei streken en in bleke ûnderkant.
Fersprieding De readkopwever komt breed foar yn Afrika súdlik fan de Sahara, fan Senegal en Etioopje oant Súd-Afrika. De soarte libbet op savannes en yn iepen bosken, gebieten mei strewellen en bytiden ek op kultuergrûn mei beamkes.
De readkopwever wurdt tradisjoneel ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding: thumb|left|Noardlike readkopwever. Anaplectes rubriceps leuconotos – komt foar fan Senegal en Gambia oant súdlik Tsjaad, it noarden fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk, súdwestlik en súdlik Sûdan, Súd-Sûdan, Eritreä, Etioopje en Somaalje, nei it suden oer Uganda en Kenia oant Malawy. Anaplectes rubriceps rubriceps - komt foar fan súdlik Angoala oant noardeastlik Namybje, súdlik Sambia, Mozambyk en noardeastlik Súd-Afrika.
Sûnt 2016 behannelje BirdLife International en de IUCN de ûndersoarte leuconotos as in aparte sorte, de noardlike readkopwever. Sûnt 2022 kategorisearret it ynfloedrike eBird/Clements de fûgel ek as in aparte soarte. Sûnt 2023 folge it Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres.
Hâlden en dragen thumb|250px|Nêst fan 'e readkopwever. Se ite benammen ynsekten, larven, spinnen en lytse krûpguod. Se sykje aktyf op stammen, tûken en ûnder bast. Ek ite se bytiden sied.
Readkopwevers binne tige keunstsinnich yn 'e bou fan nêsten. It mantsje bout in rûn nêst fan strak yninoar flochten gers, faak hingjend oan in tûke. As it wyfke ûnder de yndruk is, kiest se it nêst en kin de briedtiid begjinne.
Se komme gauris yn pearkes of lytse groepkes foar, minder yn grutte koloanje lykas oare wevers.
Status Neffens de Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte net bedrige (Least Concern, 2024) fanwegen de grutte fersprieding en de relatyf stabile populaasje. Lokale bedrigings binne habitatferlies troch houtkap en lânbou, mar oer it gehiel nimt de soarte net dramatysk ôf.
Kategory:Readkopwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda