De noardlike fjoerwever (Euplectes franciscanus) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae).

Beskriuwing Noardlike fjoerwevers wurde likernôch 11 sm lang en 12 oant 22 gram swier. De mantsjes ha yn 'e briedtiid in opfallende oranjereade kleur mei in swarte snaffel, kop, earstreek, búk en flanken. Bûten de briedtiid is it mantsje lykas it wyfke: brúngriis streke mei in dizige donkere eachstreek en in gieleftige wynbraustreek, in donkere iris, in brune snaffel en rôze poatsjes. Mantsjes binne grutter as wyfkes.

De noardlike fjoerwever wie earder in ûndersoarte fan 'e súdlike fjoerwever (Euplectes orix). Hjoed-de-dei wurde dy twa as aparte soarten klassifisearre. De grins fan 'e twa soarten wurdt foarme troch de evener. De noardlike fjoerwever hat in read kin (dy't by de súdlike fjoerwever swart is) en mear swart op 'e kop. Ek hat de noardlike fjoerwever lange oranje sturtfearren, dy't de swarte sturt ferbergje.

200x300px 200x300px Noardlike fjoerwever Súdlike fjoerwever Fersprieding Noardlike fjoerwevers komme yn westlik, sintraal en eastlik Afrika benoarden de evener foar. De soarte wurdt as monotypysk behannele of wurdt yn twa ûndersoarten ferdield:

Euplectes franciscanus franciscanus: fan Mauretaanje, Senegal en Gambia oant Etioopje, Uganda en noardwestlik Kenia. Euplectes franciscanus pusillus: súdeastlik Etioopje en Somaalje.

De soarte waard yn 'e jierren 1960 op Porto Riko yntrodusearre en is sûnt dy tiid yn grutte dielen fan West-Ynje waarnommen. Yn 'e lêste desínnia waarden de noardlike fjoerwever yntrodusearre yn gebieten fan 'e Feriene Steaten (Kalifornje, Teksas en Hawaï).

It biotoop fan'e soarte bestiet út iepen gebieten, strewellen, agrarysk gebiet en rânen fan sompen.

Hâlden en dragen De fûgel is polygaam en kin mei meardere wyfkes peare. Se sette harren op by de hôfmakkerij. It mantsje boud bolfoarmige nêsten en de wyfkes beklaaie it nêst. Se briede yn reidseamen of heech gers oan wetter, meast yn leechlân, mar yn Etioopje oant 2000 m boppe de seespegel. Dizze soarte is polygyn, en mantsjes sille faak pearje mei maksimaal seis wyfkes. Se ite sied, mar ek wol ynsekten. It binne sosjale fûgeltsjes, dy't faak yn keppels fan tsientallen oant hûnderten sjoen wurde.

Status Noardlike fjoerwevers binne net kwantifisearre, mar neffens de IUCN is de populaasje stabyl. De IUCN klassifisearre de fûgel as net bedrige (LC) op 'e Reade list.

Kategory:Fjoerwever Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Martinyk Kategory:Eksoat yn Bermuda Kategory:Eksoat yn Porto Riko