Mittegroßefen (Eastfrysk Plat: Midgrootfeen)Oostfrâisk Woordenbauk: Mittegroßefehn is ien fan de 14 doarpen yn de Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan 'e lânkring Auwerk. It streekdoarp leit krekt westlik fan de B72, 12 km súdlik fan Auwerk tusken Westgroßefehn en Ostgroßefehn.
Geoografy en geology Oarspronklik wie it gebiet bedutsen mei grutte feanlaach. Dy is hjoed-de-dei folslein oanmakke. Hjoed-de-dei dominearje liemeftige gley-podsolboaiems en yn it suden sânige podsolboaiems. Yn it noardwesten en westen wurdt it gebiet begrinzge troch de delling fan de Flumm. It plak leit op in hichte fan 2,6 oant 3,6 meter boppe seenivo.Siegfried Lüderitz: Mittegroßefehn, Gemeinde Großefehn, Landkreis Aurich (PDF; 891 kB) doarpkroniken fan it Ostfriesische Landschaft; oproppen op 6 desimber 2012.
Namme Mittegroßefehn waard yn 1633 foar it earst neamd as Timmler Fehn. Lettere nammen binne Timmler groote Fehn, Norder Ehefehn, '''t Groote Ehefen en ''Mittel Commune Großefehn. De hjoeddeistige plaknamme is sûnt 1885 yn gebrûk. Hy ferwiist nei it Große Fehn (grut fean) by Timmel oan 'e wetterrin fan de Norder Ehe en de sintrale lizzing tusken West- en Ostgroßefehn.
Skiednis De skiednis fan Großefehn begûn yn 1633, doe't de fjouwer Emder keaplju Simon Thebes, Claas Behrends, Cornelius de Rekener en Gerd Lammers fan greve Ulrik II fan Eastfryslân tastimming krigen en meitsje it noch net oanmakke lân oan troch it oanliizen fan feankanalen nei Nederlânsk foarbyld.De ynformaasje yn dit part komt út, of it moat oars neamd wêze, út: Ekkehard Wassermann: Siedlungsgeschichte der Moore. yn: Karl-Ernst Behre, Hajo van Lengen (Hrsg.): Ostfriesland – Geschichte und Gestalt einer Kulturlandschaft. Utjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1995, ISBN 3-925365-85-0, S. 93–111, S. 101–107, ek Siegfried Lüderitz (doarpkroniken fan it Ostfriesischen Landschaft): Westgroßefehn (memento fan 1 febrewaris 2012 yn it ynternetargyf) (PDF; 51 kB), oproppen op 21 augustus 2024. Dy tsjinnen oan ienekant foar it ûntwetterjen fan it feangebiet en oan oarekant as ferfierier. De ouwers wiene dêrom ideaal foar kolonisten en fêstigje dêre. De fjouwer Emder keaplju rjochten foar dat doel de Großefehn-Kompanjy op (Großefen-Gesellschaft) op dêr't se oandielen yn hiene. It earste te kultivearjen gebiet hie in oerflak fan 400 deimêd. De keaplu krigen it gebiet yn erfpacht en ferpachten it fierder oan kolonisten. Großefehn is dêrmei de âldste neffens dat type oanleine feanterij fan Eastfryslân.
De koloanje woeks dêrnei stadichoan. Dat barde mei it útwreidzjen fan it Fehnkanaal, dat yn 1760 oan de hjoeddeistige Bundesstraße (de eastgrins) fan it delsettingsgebiet Mittegroßefehn, dêr't yn de 1830-er jierren de earste rydwei fan Eastfryslân fan Lier nei Auwerk oanlein waard. De dêrtroch ôfsniene wyk yn it easten waard mei in grêft oan it haadkanaal ferbûn en it nije wengebiet westlik fan de rydwei waard tawiisd oan de gemeente Ostgroßefehn. Yn 'e twadde helte fan de 19e iuw ferlear it plak syn feankarakter. Yn dat tiidrek ûntstie oan de Schrahörnstraße in nij sintrum, wylst de âldere leger lizzende wenwiken oan de Dwarsrack en Langerack opjûn waarden. Sûnt 1868 wie Mittegroßefehn in selsstannige gemeente, dy't op 1 july 1972 opgie yn 'e nije gemeente Großefehn.Statistisches Bundesamt (Hrsg.): Historisches Gemeindeverzeichnis für die Bundesrepublik Deutschland. Namens-, Grenz- und Schlüsselnummernänderungen bei Gemeinden, Kreisen und Regierungsbezirken vom 27. 5. 1970 bis 31. 12. 1982. W. Kohlhammer, Stuttgart / Mainz 1983, ISBN 3-17-003263-1, S. 261.
Untwikkeling ynwennertal Jier Ynwennertal 1821 375 1835 596 1848 566 1871 656 1885 558 1905 467 1925 433 1933 473 1939 460 Jier Ynwennertal 1946 667 1950 680 1956 732 1961 724 1970 901 1972 935 2005 1033 2007 1054 2022 1059
It besjen wurdich thumb|Pleats oan it Langerack It typyske feanlânskip is oanloklik foar toeristen. It feankanaal, dat fan Wiesmoor oer Ostgroßefehn, Mittegroßefehn en Westgroßefehn as Fehntjer Tief yn 'e rjochting fan Emden rint en de grutte stikken greide en miedlân binne gaadlik mei de fyts of boat te besjen. Yn it noarden grinzget de himrik oan natoergebiet Flumm/Fehnjer Tief, dêr't dat lânskip troch ekstinsive lânbou yn stân holden wurdt.
De evangelysk-lutherske tsjerke fan Mittegroßefehn, dy't yn 1857 ynwijd waard, is it symboal fan it doarp.
Keppeling om utens Hiemside fan it doarp It doarp op de hiemside fan 'e gemeente Beskriuwing fan Mittegroßefehn yn it histoaryske doarpedatabank fan it Ostfriesische Landschaft Webside oer it doarpslibben en -wurk yn Mittegroßefehn
Kategory:Großefehn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt)