De sjongfûgeleftigen (wittenskiplike namme: Eupasseres) foarmje in rangleaze klade fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves) en it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes). Dizze kloft omfettet alle moskeftigen útsein de tige ôfwikende rotstomke-eftigen (Acanthisitti). __TOC__ Taksonomy It skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes) falt útinoar yn trije ûnderskiften: de rotstomke-eftigen (Acanthisitti), de krytfûgels (Tyranni of Suboscines) en de sjongfûgels (Passeri of Oscines). De rotstomke-eftigen of Nijseelânske tomke-eftigen foarmje in lyts groepke fan twa libbene en fiif resint útstoarne soarten yn ien inkele famylje, en binne yn harren fersprieding beheind binne ta Nij-Seelân. De oare beide ûnderskiften binne folle grutter. De krytfûgels, dy't foar it meastepart yn 'e Nije Wrâld libje, besteane út persiis 1.400 soarten (teljier: 2025) ferdield oer 18 famyljes. De mear algemien foarkommende sjongfûgels (Passeri of Oscines) foarmje de grutste groep, mei 5.339 soarten yn 129 famyljes.
Lang wie it mank ornitologen in striidkwestje oft de rotstomke-eftigen no yndield wurde moasten by de krytfûgels of by de sjongfûgels. Oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw en it begjin fan 'e ienentweintichste iuw die lykwols út ferskate nije, op molekulêre analyze basearre ûndersiken bliken dat de rotstomke-eftigen ta net ien fan beide oare ûnderskiften hearre, mar ynstee in groep op harsels foarmje dy't it âldste en meast ôfwikende ûnderskift fan 'e moskeftigen fertsjintwurdiget. Dat betsjut dat de krytfûgels en sjongfûgels mei-inoar de sustergroep fan 'e rotstomke-eftigen foarmje, en dy sustergroep hat de namme sjongfûgeleftigen krigen. De wittenskiplike namme Eupasseres, foar dizze kloft, betsjut "echte mosken", fan it prefiks eu-, dat "wier" of "echt" betsjut, en passeres, it meartal fan passer, dat "mosk" betsjut.
Klassifikaasje
ûnderskiftekloft sjongfûgeleftigen (Eupasseres) ûnderskift krytfûgels of raasfûgels (Tyranni, syn. Suboscines) tuskenskift krytfûgels fan de Alde Wrâld (Eurylaimides) boppefamylje pitta-eftigen (Pittoidea) - 1 famylje, 44 soarten boppefamylje breedbekeftigen (Eurylaiminoidea) - 4 famyljes, 21 soarten tuskenskift krytfûgels fan de Nije Wrâld (Tyrranides) lytsskift tiraneftigen (Tyrannida) - 6 famyljes, 613 soarten lytsskift ûnefûgeleftigen (Furnariida) - 7 famyljes, 722 soarten ûnderskift sjongfûgels (Passeri, syn. Oscines) tuskenskift lierfûgeleftigen (Menurides) - 2 famyljes, 4 soarten tuskenskiftekloft echte sjongfûgels (Euoscines) tuskenskift prieelfûgeleftigen (Climacterides) - 2 famyljes, 34 soarten tuskenskift stobberinnereftigen (Othonychides) - 2 famyljes, 8 soarten tuskenskift huningitereftigen (Meliphagides) - 5 famyljes, 292 soarten tuskenskift krie-eftigen (Corvides) boppefamylje beamrinnereftigen (Neosittoidea) - 1 famylje, 3 soarten boppefamylje kwartellystereftigen (Cinclosomatoidea) - 1 famylje, 11 of 12 soarten boppefamylje rûpfûgeleftigen (Campephagoidea) - 1 famylje, 93 soarten boppefamylje wytkopeftigen (Mohouoidea) - 1 famylje, 3 soarten boppefamylje boskskatekstereftigen (Malaconotoidea) - 8 famyljes, 154 soarten boppefamylje echte krie-eftigen (Corvoidea) - 10 famyljes, 418 soarten boppefamylje gielegou-eftigen (Orioloidea) - 8 famyljes, 188 soarten tuskenskift echte moskeftigen (Passerides) lytsskift huningjagereftigen (Melanocharitida) - 1 famylje, 11 soarten lytsskift satynfûgeleftigen (Cnemophilida) - 1 famylje, 4 soarten lytsskift Australazyske miggesnappers (Petroicida) - 3 famyljes, 57 soarten lytsskift ralbabbeldereftigen (Eupetida) - 3 famyljes, 5 soarten lytsskift miggesnappereftigen (Muscicapida) boppefamylje goudtoeffûgels (Reguloidea) - 1 famylje, 6 soarten boppefamylje beamkrûperfûgels (Certhioidea) - 6 famyljes, 159 soarten boppefamylje miggesnapperfûgels (Muscicapoidea) - 7 famyljes, 720 soarten boppefamylje pestfûgeleftigen (Bombycilloidea) - 6 famyljes, 23 soarten lytsskift moskfûgeleftigen en sibben (Passerida) boppefamylje goarsfûgeleftigen (Emberizoidea) - 16 famyljes, 877 soarten boppefamylje moskfûgeleftigen (Passeroidea) - 15 famyljes, 870 soarten lytsskift sjongers fan de Alde Wrâld (Sylviida) boppefamylje Afrikasjongereftigen (Macrosphenoidea) - 1 famylje, 18 soarten boppefamylje echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea) - 8 famyljes, 655 soarten boppefamylje imerkesjongereftigen (Locustelloidea) - 7 famyljes, 405 soarten boppefamylje langsturtmieseftigen (Aegithaloidea) - 6 famyljes, 132 soarten boppefamylje ljurkeftigen (Alaudoidea) - 3 famyljes, 106 soarten boppefamylje mieseftigen (Paroidea) - 4 famyljes, 85 soarten
Kategory:Moskeftige