Mariap van Urk, bynamme en letter skûlnamme fan Marretje van Urk-Koffeman (Urk, 9 augustus 1898 – dêre, 28 novimber 1966), wie in Nederlânske dichteres. Se waard benammen bekend troch har gedichten oer en ferset tsjin de ôfsluting en drûchlizzing fan de Sudersee.

Fan har hân ferskynden twa dichtbondels by libben en ien postúm. Har gedichten ferskynden yn ferskate regionale kranten. Neist har dichterwêzen sette Mariap har yn foar it behâld fan de Urker dracht en oare foarmen fan Urker kultureel erfgoed.

Bibliografy 1949 - Vaarwel mijn Zuiderzee. Een bundeltje gedichten van weemoed en humor en een stukje folklore, gedichten 1955 - Urker ambachten en bedrijven, gedichten 1981 - Urk is zó mooi... Verhalen en gedichten uit het nagelaten werk van Mariap van Urk

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Urker persoan Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1966