De mûne fan Ditzum is in stellingmûne yn it Eastfryske plak Ditzum, Nedersaksen.
Skiednis De mûne waard yn 1769 boud troch de Jemgumer mûnder Conrad Crehling, nei't dy lang besocht hie dêr in fergunning foar te krijen. By de doarpsbrân fan 1882 gie de mûne mei de omlizzende bebouwing ferlern, mar it jier dêrop folge al wer de werbou. De stiennen ûnderbou datearret fan dy tiid. Yn 1905 krige de mûne yn in apart gebouke in ekstra oandriuwing mei in Deutz-diselmotor.
Yn april 1943 baarnde de mûne fannijs út en allinnich de ûnderbou bleau oerein. Yn itselde jier waard de ûnderbou fan 'e mûne as motormûne renovearre en ôfsletten mei in flak tek. By de striid yn april 1945, yn it lêst fan 'e oarloch, waard de mûne op 'e nij slim troffen. De mûne, it mûndershûs en de bygebouwen gyngen folslein ferlern.
Nei de oarloch waard de mûne op 'e nij as motormûne yn bedriuw nommen en oant de dea fan 'e lêste mûnder, Nikolaus Steen, bleau dy yn bedriuw.
Yn it ramt fan 'e doarpsfernijing waard de mûne dêrnei troch de gemeente Jemgum oernommen. Sûnt 1991 sette in restauraasje útein. De ûnderbou waard ophege, sadat der in nije stelling boppe de dakken fan it doarp útkaam. Yn 1992 waard in achtkant fan in âlde mûne út Strübbel (Sleeswyk-Holstein) set en in 1994 folgen de keningsskroef, de kape en it wjukkekrús.
Hjoed-de-dei is de mûne in technysk en kultureel monumint. Der wurde rûnliedingen jûn en troch de ynset fan 'e yn 1988 stifte Mühlenverein Ditzum bliuwt de mûne in monumint yn it Reiderlân.
Kategory:Bouwurk yn Jemgum Kategory:Mûne yn Dútslân Kategory:Bouwurk út 1883 Kategory:Stellingmole Kategory:Nôtmole